Briefkje (101): Is taallearen allinnich harkjen en neipraten?

jannewaris 30, 2024 08:12

Jan Breimer reagearret op Ed Knotter syn lêste brief.

Bêste Ed,

Do hast ferline wike royaal omtinken jûn oan de kwestje oft wurden dy’t de toanleaze e as lêste letter hawwe yn it meartal in n of in s efter dy e krije. Do joechst romte oan de emoasje dy’t minsken derta bringe kin om fan de regel ôf te wiken. Emoasje is yn dit gefal persoanlik. Net elkenien hat by de wurden pake en beppe itselde gefoel. Ik tink ek dat we wol freegje meie om de emoasje fan oaren te respektearjen. It kiezen foar gemeentes, hichtes en bedeltes sil trouwens net troch emoasje ynjûn wurde. Nee, it is neibauwen fan Hollanners.

Regels binne net perfoarst om te twingen, mar mear om it paad te wizen. As minsken yn ’e regel it meartal fan wurden dy’t op in net-beklamme e útgeane mei in n foarmje, wurdt dêr de konklúzje oan ferbûn dat soks dan ek as regel jilde kin foar gefallen dy’t nij foar harren binne, want sa giet it by taal, wy prate inoar nei. Tagelyk dûkt in oare regel op dat it net altyd opgiet by wurden fan frjemd (meastal romaansk) komôf. Dy einigje op in s (globe-globes) of kinne sawol op in n as in s einigje (synoade-synoaden of synoades; serenade-serenaden of serenades). Der is trouwens ek in útsûndering, foar in germaansk wurd: jonge-jonges. Bisten hawwe ien jong of mear jongen.

Yn it Nederlânsk giet de regel “wurden op in e krije yn it meartal in n” lang net altyd (mear) op. Dêr jildt de regel dat guon wurden twa meartalsfoarmen hawwe. Ik haw wolris tocht dat dat in gefolch wêze kin fan de Hollânske gewoante om de lêste n net út te sprekken. As we bygelyks ien yn it Hollânsk “gedachte” sizzen hearre, witte we net oft er it oer ien of mear tinzen hat; dat moatte we út de kontekst opmeitsje. Miskien is it meartal mei in s (gedachtes yn dit gefal) wol ûntstien om dochs dúdlik te meitsjen dat it om mear as ien giet. De kwestje n of s hat der (yn 1995, as ik my net fersin) ta laat dat der (yn it Nederlânsk) in nije regel foar it wol net net brûken fan in tusken-n yn gearstallingen kommen is: net gedachtenwisseling mar gedachtewisseling (omdat gedachte twa meartalsfoarmen hat) en net pannekoek mar pannenkoek (omdat pan mar ien meartalsfoarm, dy mei in n, hat). Dat joech nochal wat opskuor en betizing, want de eardere regel wie pannekoek omdat dy yn ien panne bakt wurdt en ziekenhuis omdat dêr mear siken yn lizze. Guon Friezen woene dat fuort ek op it Frysk tapasse en skreaune tsjerkenried. Sikenhús seine se altyd al; ek in fersin, want it wie en is sikehûs. Wy sizze dochs ek net kninenhok en keallenstâl?

Om op it neipraten werom te kommen: is it dy ek opfallen dat it wurd ‘oprecht’ yn it Hollânsk sa faak te hearren is? It is krekt as hat ien ris miend dat er net leaud wurde soe as er sei dat it him ‘echt’ spiet. Mei in skepke derboppe-op, yn dit gefal trije letters (opr) derfoar, soe it oannimliker klinke. As ien fan kwizekwânsje soks yn it iepenbier seit, kinst der fergif op ynnimme dat er neifolgers kriget. Sa gie it ek mei it wurd momentum. De earste dy’t dat yn in ynterview brûkte, die dat grif bewust en doelde op it geunstige momint, mar al gau namen mear minsken it yn ’e mûle, ek as se dat op dat stuit en yn dy sin better net dwaan kinnen hiene.

It makket by neipraten wol ferskil wa’t men neipraat …

Mei freonlike groetnis,

Jan

jannewaris 30, 2024 08:12
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Henk Wolf jannewaris 30, 14:14

    “Sikehûs” en “sikenhûs” binne neistelkoar besteande foarmen. Fan de saneamde augminten – de ferbiningsstikjes yn gearstallingen – binne -s- (‘keningsdrama’) en -e- (‘flessepost’) fierwei it gebrûklikst, mar se hat lang net it hear allinnich. Wy ha bygelyks -ers- (‘rûkersguod’), -te- (‘moarntejûn’), -ens- (‘fammensguod’), -el- (‘hingelbrêge’) en -er- (‘heinderbalje’). En -en- is lykas de lêstneamde fjouwer frijwat seldsum, mar bestiet al. Tink mar oan ‘lipenbek’, ‘weitenmoal’, ‘bjirkenbeam’, ‘ikenleane’, ‘heareneintsje’, ‘it Hearrenfean’, ‘sûpenbrij’, ‘roggenprip’, ‘goadendom’, ‘Friezenaard’, ‘sikenwein’ en noch in stikmannich mear.

    Guon dêrfan ha ek in fariant mei -e-, sa’t der wolris mear fariaasje mei sokke augminten bestiet (‘iterspanne-itenspanne’, ‘fammeguod-fammensguod’, ‘skiepseach-skieppe-each’ ensfh.) Sokke fariaasje is fuort gjin reden om ien fan beide foarmen as “fersin” te beneamen. Se folgje minder bekende, mar wol lang útsliten paden yn de taal.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.