Briefkje (100): Taalgefoelichheden hâlde har net oan de regels

jannewaris 23, 2024 08:00 Fernijd

Ed Knotter reagearret op Jan Breimer syn lêste brief.

Bêste Jan,

om it tinken oer de foarkarswurdlist op te skerpjen, is it û.o. goed om it ûnderskied tusken ‘farianten’ en ‘synonimen’ dúdlik te omskriuwen. Dat hasto yn it brief fan ferline wike kreas dien en Henk Wolf foege dêr noch in stikmannich nuânsen oan ta. Hâld dy begripen útinoar. In fariant wykt in bytsje fan it gewoane ôf, seit it hânwurdboek. It gewoane is lykwols net foar eltsenien itselde. De foarkarsfoarm is ek mar in fariant (wykt ommers fan de ôfwiking ôf), mar dan wol de fariant neffens wenst en gewoante. Of moat ik sizze: neffens ôfspraak? As dat in binende ôfspraak is, hawwe wy it dan net oer in fêstleine noarm?
Ik brûkte niis de wurden wenst en gewoante. Dêr binne noch wol mear synonimen foar te betinken, mar by guon dêrfan fielt men dochs in lyts bytsje betsjuttingsferskil. Is gebrûk en brûkme eins wol itselde as gewoante? Moade en swang drukke wat tydliks út, regel is faaks wat te twingend en wizânsje heart wat deftich, hat wat mear fan tradysje. As ik dit sa sis, soenen wy fansels ek witte moatte wat krekt mei ‘deftich’ bedoeld wurdt. Dat giet no wat te fier, mar dat is neffens my wol wêr’t it om te rêden is: de djipste betsjutting fan ús wurden.

It hat gauris te krijen mei gefoel en gefoelichheden. Dat foel my op by de reaksjes op It Nijs oangeande de meartalsfoarms fan pake en beppe. De measte ynstjoerders wie paken en beppen min nei it sin. Dat like nearne nei en de reaksjes wienen sa fûl, dat ik tocht, dêr sit emoasje efter. It is hiel moai as minsken mei ynmoed foar de wearde en de krektens fan harren taal opkomme. Mar hoe wie it eins mei de krektens fan harren opfetting? Wêrom hienen se leaver pakes en beppes? Dêr wol ik ris op yngean:
Wurden dy’t einigje op in toanleaze -e krije yn it meartal in -n. hikke/hikken, bolle/bollen, griente/grienten, skeppe/skeppen en dêrfandinne pake/paken en beppe/beppen. Dat is in dúdlike regel. Mar der is noch in oare regel: ferlytsingswurden krije yn it meartal in -s, likefolle oft se no op -je, -tsje of op -ke einigje. Dus ding/dinkjes, hûn/hûntsjes, doaze/doaskes. En no komt de betizing: Omke is in ferlytsingswurd (fan om of ome), mar pake is net de ferlytsing fan pa. It meartal fan omke moat omkes wêze, mar by pake sit dat oars. Yn de ûntwikkeling fan it taalgebrûk ûntstiet it ferlet fan ienfoarmigens: paken en omken? Dat wol net, want omke is bûn oan in sterke regel. Mar omkes en pakes dan? Is pake dan net oan in regel bûn? Hokker regel sil it dan winne? Ik tink dat de emoasje de trochslach jout.
As pake troch omke oantrune wurdt om yn it meartal in -s oan te lûken, dan sil beppe net efterbliuwe, want muoike (ek in ferlytsingswurd) krige ommers ek al in -s. It Frysk hat by eintsjebeslút hast gjin paken en beppen mear en dan moat men jins emoasje(s) om dat ferlies mar ferjitte.

De regel fan de meartalsfoarming fan wurden op in toanleaze -e stiet noch op in oare wize ûnder druk. Dat sil druk fan bûtenôf wêze. Wurden lykas griente, sykte, opname ensfh. hawwe yn it meartal in -n, mar yn it Hollânsk binne der twa mooglikheden: in -n (groenten), of in -s (groentes). It wurdt hieltiten dúdliker dat de s-foarm it wint en dat slacht oer op it Frysk. De macht fan de hollanismen. It kin oars mâl gean: in wykmannich ferlyn seach ik yn de ûndertiteling by in útstjoering op Omrop Fryslân twa of trije kear de oersetting ‘it ministearje fan finânsjen’. De oersetters by de omrop binne net deselden as de reagearders op It Nijs, mar it besaut jin lykwols. No moat it in -s wêze en no ferpoffe se it. Hoe sit it dochs mei dy emoasjes?

Mei freonlike groetnisse,

Ed

jannewaris 23, 2024 08:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. Henk Wolf jannewaris 23, 17:19

    De Friezen ha fansels hjoed de dei net mear yn ‘e rekken dat ‘pake’ in ferlytsingswurd is, mar fanâlds is dat wol sa. It is in ferlytsingsfoarm fan ‘pa’.

    ‘Omke’ is fanâlds ek in ferlytsingswurd, mar it is de fraach oft it morfologysk no in oare status hat as ‘pake’. Wy ha -om noch yn ‘Jabikom’ en sawathinne, mar as los wurd komt it eins net mear foar. Dat jildt ek foar ‘omme’.

  2. HE jannewaris 24, 10:30

    Mar wêrom wurd finânsjes dan mei in s oan de ein skreaun en net mei in n?
    Of is dat omt finânsje op him sels gjin folslein wurd is?
    Net dat ik it mei in n skriuwe wol, mar wat is de regel dêrefter

  3. Lútsen jannewaris 25, 11:32

    ‘BaktearjeS, baktearjeN’, ek sa’nien.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.