Bouwe de Boer: De minske wer sintraal

jannewaris 13, 2024 08:00

Kollum

Op útnûging fan de FNP-ôfdieling Súdwest-Fryslân spruts prof. dr. ir. Jan Rotmans op 11 december yn Boalsert. Rotmans is in ynternasjonale autoriteit op it mêd fan transysjes en duorsumens. Hy hat dus ferstân fan grutte systeemferoaringen. Al jierren freget er omtinken foar de feroaringen dêr’t we yn ús tiid mei te meitsjen hawwe. Om mar in pear te neamen: de soarch, ús demokrasy, it klimaat, it ûnderwiis, grûnstoffen, lânbou en fiedsel, sosjale en finansjele saken. Wa’t dat rychje stean sjocht, tinkt sûnder mis: der moat wat feroarje!

En lit Rotmans no krekt Fryslân sjen as de foarbyldprovinsje. dêr’t de befolking sels op dy tema’s it heft yn ‘e hannen nimt. De polityk lit it al te lang lizze en Rotmans sjocht dat hjir de beweging fan ûnderen op it fluchst fan ’e grûn komt: de measte enerzjy-koöperaasjes, de measte bloeisônen, de Fryske mentaliteit om gear te wurkjen. Dat komt ús as Friezen wol bekend foar. Rotmans sinjalearret ek dat sok gearwurkjen foaral yn lytse inisjativen syn beslach kriget en dat de inisjatyfnimmers net faninoar ôfwitte. Se dogge fansels oeral harren bêst, mar fine oeral sels it tsjil opnij út. Hy fynt it opfallend en it hat posityf wurke, mar it is no de tiid om dy Fryske minykrêften yn in krêftige beweging te bondeljen. Dêr wol er graach by helpe.

Jan Rotmans (eigen foto)

Rotmans syn ferhaal stekt goed yninoar en it is te begripen. Hy lit ek sjen dat we it goede paad nei in sûn Fryslân fine kinne troch de krêft te sykjen dy’t yn de ferbining fan nije wegen sit. De miljarden dy’t reservearre binne om it stikstofprobleem op te lossen binne in foarbyld. As feehâlders dy middels brûke om minder keunstdong en krêftfoer te brûken, wurdt it stikstofprobleem oplost. Der bliuwe dan middels oer dy’t yn lokaal produsearre sûn iten ynset wurde kinne. Dêr wurdt de sûnens mei stimulearre en wurkje we mei oan in sûne natuer, in sûne boaiem en in sûnere ekonomy. Yn itselde tempo pakt it ûnderwiis dy ûntwikkeling oan.

Lit ús dy ideeën fan Jan Rotmans mar ris omearmje en mei-inoar in aksjeplan meitsje!
Rotmans hat syn help al tasein.

Dit is nûmer 84 yn de rige Fryslân – Skjinnerlân
Bouwe de Boer wennet yn Akkrum en is projektlieder fan Freonen fan FossylFrij Fryslân.
jannewaris 13, 2024 08:00
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Fridunanth jannewaris 13, 19:57

    Wat moai dat Rotmans&De Boer de minsk wer op it foarste plak hawwe wolle!
    Dan sille de lân, see, mar, loft en útsjoch ferwoastende wynturbines en ‘sinnefjilden’, dy’t ek lichem en geast fan de minsk oantaaste, ek ferdwine, no!?

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.