Boargers yn beweging: do bist de fonk foar duorsume feroaring

jannewaris 25, 2024 10:59

Skôging

Stel dy foar: in wrâld dêr’t dyn aksjes de grutte feroaringen dy’t ús planeet nedich hat, yn gong sette. It is tiid om te beseffen datsto, as boarger, de driuwende krêft efter in duorsume omkear bist. It is dyn momint om te skitterjen, want de takomst wachtet net.

Lytse inisjativen binne de geheime wapens tsjin klimaatferoaring, dy’tsto yn ’e hannen hast. Se binne de boustiennen fan in nije, duorsume revolúsje dy’t op lokaal nivo begjint. Tink net dat dyn bydrage te lyts is; alle aksjes, hoe lyts ek, drage by oan de stream fan feroaringen dy’t we nedich hawwe. Slút dy oan by in inisjatyf of set by dy ’e buert sels ien op. Wês in boustien en meitsje ûnderdiel út fan it heechnedige bouproses.

Wêrom is dat dyn taak? Hoewol’t de kwaliteit fan libjen yn Fryslân oer it algemien goed is, jildt dat net foar elkenien. Foar benammen jongfolwoeksenen bliuwt de wolfeart benefter. Wylst de ekonomy en it enerzjyferbrûk stadichoan duorsumer wurde, giet it mei de natuer efterút en steane sosjale ferbannen ûnder druk.

Dyn krêft as boarger kin dêr feroaring yn bringe. Goede ûntwikkelingen op it mêd fan wurk en ynkommen geane hân yn hân mei tanimmende stress en finansjele noeden. Dyn belutsenheid kin wolfeart earliker ferdiele en foar in bettere takomst foar elkenien soargje. Sjoch bygelyks nei it inisjatyf Buurvrouw & Buurvrouw yn Ljouwert, dêr’t entûsjaste frijwilligers soargje dat klean, guod, en farsk iten ûnderling útwiksele wurde en foar elkenien mei in lytse beurs beskikber komme. It is tiid foar boargers om sels it heft yn ’e han te nimmen en gear te wurkjen oan in bettere takomst.

Lytse inisjativen binne net allinnich de kaai ta ekologyske duorsumens; se iepenje de doar nei brede wolfeart foar alle Friezen. Lokale belutsenens kreëarret in maatskippij dêr’t kwaliteit fan libjen net yn ’e wei sitten wurdt troch oermjittige konsumpsje, mar dêr’t plak is foar lokkige takomstperspektiven foar elkenien. Wat tinkst bygelyks fan in sosjale buertmerk mei tagong ta lokale, biologyske grienten dy’t te beteljen binne? Of in ruilskuorke dêr’t buorlju boartersguod en klean diele?

Do, as boarger, as buorman of -frou, bist de fonk foar duorsume feroaring. Lit ús net allinnich in poadium jaan oan lytse inisjativen, mar meitsje fan dyn aksjes it episintrum fan in wrâldwide beweging. Lit dyn suksesferhaal oaren ynspirearje. De tiid driuwt, mar do hast de krêft om de einstreek fan in duorsume takomst te berikken. It is dyn tiid om te skitterjen, want de wrâld hat dyn fonk nedich om te ûntbrânen yn in fjoer fan duorsume feroaring.

Mei de Kringlogo Award jout de Fryske Miljeuferaasje (FMF) in poadium oan duorsume boargerinisjativen. Foar mear ynformaasje en it nominearjen fan in inisjatyf, mail my,

Tess Schram (Programmamanager Circulaire Samenleving) fia t.schram@fmf.frl

Sjoch foar mear ynformaasje:
https://www.fmf.frl/nieuws/kringlogo-2024-op-zoek-naar-het-meest-duurzame-burgerinitiatief-van-fryslan/ en
https://www.itnijs.frl/2024/01/kringlogopriis-2024-op-syk-nei-it-duorsumste-boargerinisjatyf-fan-fryslan/
jannewaris 25, 2024 10:59
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.