Bekendmeitsjen fan de nije Stedsdichter fan Ljouwert

jannewaris 27, 2024 09:06

Wethâlder Hein Kuiken makket op tiisdeitejûn 30 jannewaris buorkundich wa’t him de kommende twa jier de nije Stedsdichter fan Ljouwert neame mei. De fjouwer nominearre dichters binne Sannemaj Betten, Marrit Jellema, Ronald Wijnia en Hendrik Willemsen.

Westertsjerke Ljouwert (foto: Wikimedia Commons/Romke Hoekstra – CC BY-SA 4.0)

Fan Stedskeunstner nei Stedsdichter
Neffens kultuerwethâlder Hein Kuiken fertsjinnet Ljouwert wer in echte Stedsdichter. “Yn eardere jierren ha we wol geregeld in Stedskeunstner hân, mar ik bin bliid dat we as City of Literature wer werom gean nei in mear literêre ynfolling dêrfan. Dêrneist bin ik tige te sprekken oer de fjouwer izersterke finalisten dy’t de sjuery út de fjirtjin oanmeldingen keazen hat.”

De fjouwer finalisten hawwe yn jannewaris harren wurk foardroegen en harren plannen taljochte oan de fiifkoppige sjuery. Dy hat by eintsjebeslút de kar makke wa’t de nije Stedsdichter wurdt. Ljouwert hie fan 2005 oant 2009 al twa Stedsdichters: Arjan Hut en Derwent Christmas.

Wat docht de Stedsdichter?
In Stedsdichter skriuwt oer Ljouwert, reflektearret op wat der libbet en hat each foar kulturele en maatskiplike ûntwikkelingen. De dichter hat in ûnôfhinklike en ferbinende funksje foar hiel Ljouwert, is kritysk en belutsen en wakkeret de leafde foar wurdkeunst oan. De Stedsdichter kriget in fergoeding fan € 4.000 foar de realisaasje fan in eigen projektplan en in honorarium fan € 4.000 jiers foar de op te leverjen wurdkeunsten en foardrachten.

Programma:
Datum: Tiisdei 30 jannewaris;
Plak: Westertsjerke, Bagijnestraat 59, Ljouwert;
Tiid: 19.30 (ynrin) – 20.00 (start) – 21.00 (neisit).

jannewaris 27, 2024 09:06
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.