Autonomy of status aparte foar it Frysk?

jannewaris 24, 2024 12:55

Skôging

De tradisjonele mienskip stiet ûnder druk troch de mondialisearring fan de ekonomy en kultuer. Sadwaande binne naasjesteaten hieltyd minder fan belang. De flugge stêdlike ûntwikkeling soarget dêrfoar dat de sosjale ferbannen losser wurde.

De liberalen sjogge dy ûntjouwing as in befrijing fan it yndividu, de kommunitaristen dêrfoaroer miene dat dit de sosjale koheezje ûnderstek docht.

Sa ûntstie der yn de njoggentiger jierren fan de foarige iuw in diskusje tusken liberalen en kommunitaristen oer wat de bêste maatskippijopfetting wie.

Yn it liberalisme stiet it yndividu foarop. Der besteane formele relaasjes tusken rjochtspersoanen, los fan eigenheid, kultuer of ôfkomst. De yndividuele rjochten wurde beskerme troch de oerheid. Yn ’e liberale maatskippij besteane neist elkoar ferskillende opfettingen fan it goede libben, de steat is hjiryn neutraal.

De kommunitaristen geane út fan de mienskip, wat sizze wol in hechte mienskip mei nauwe bannen tusken de minsken yn dy mienskip. De leden fan de mienskip hawwe itselde byld fan it goede libben, dat is in libben yn de besteande tradysje mei de dêryn jildende noarmen en wearden. As in homo libbet yn in mienskip dêr’t lhbtiq+ in taboe yn is, dan moat hy as hy himsels as homo realisearje wol, út dy mienskip stappe. Dat is in fierste hege priis.

Dêrfoaroer hawwe de liberalen gjin goed ferhaal oer hoe’t omgien wurde moat mei (nasjonale) minderheden. Fansels is in partij fan yndividuele rjochten tsjin groepsrjochten. Freegje om autonomy hat as neidiel dat de minsken dy term assosjearje mei in selsstannige steat en dat ropt wjerstân op. De Jongfryske Mienskip kaam okkerdeis mei de term ‘status aparte’. Dy term soe goed brûkt wurde kinne om’t elk begrypt dat foar in eigen taal spesjaal belied nedich is. Boppedat jout de term yngong yn it Haachske politike tinken, yn ferbân mei de status aparte fan Aruba.

Jierren lyn utere ik my negatyf oer de ferdjerlike mienskip. In goefries wie fan miening, dat der yn Fryslân sokke mienskippen net binne. Der binne fansels mei de iepenloftspullen prachtige foarbylden fan Fryske kultuer en mienskipssin. Mar ik ried de minsken dy’t sa posityf tinke oer de Fryske mienskip oan om de roman Piksjitten op Snyp fan Josse de Haan te lêzen om te sjen hoe ferdjerlik in Fryske mienskip wêze kin.

Fryske nasjonalisten moatte de Hollanners net earst en foaral as fijannen sjen. It Frysk is yn De Haach in fuotnoat by de lanlike polityk. Der wie sels in minister dy’t net iens wist dat hja it Frysk yn ’e portefúlje hie. Der spylje ek oare meganismen.

Der wie in rykskommisje, dy’t kedize moast oer in beheinde foarm fan ûnderwiisautonomy yn Fryslân. In heechlearaar út Tilburg wie foar, twa leden fan it ministearje fan ûnderwiis wiene tsjin. Dat lêste wie te begripen, want grutte organisaasjes as it ministearje hawwe ynherint oanstriid om mear foech nei har ta te lûken en om net te krimpen. Dat binne refleksen dêr’t fierder net oer neitocht wurdt.

Yn sa’n gefal berikke je neat mei it skriuwen fan brieven, mar moatte je de publike opiny mobilisearje.

Pier Boorsma, Grins
Dichter en filosoof

Dit artikel stie op 22 jannewaris 2024 yn de Leeuwarder Courant.
jannewaris 24, 2024 12:55
Skriuw in reaksje

4 opmerkingen

  1. Erwin2.0 jannewaris 25, 13:44

    Folwoeksen manlju mei slabkes en deagravershuodden…. Sy bringe ús taal mear imagoskea as dat se goed dogge….. Kin it ynhâldlik noch sa’n goed ferhaal wêze (en dat ha se).

  2. Kerst Huisman jannewaris 28, 14:51

    Wat no, Erwin2.0? Folwoeksen mânlju mei slabkes en deagravershuodden? Ik sjoch hjir neat stean wat dêrop liket.

  3. Erwin2.0 jannewaris 30, 09:33

    It stik stiet no net mear op de haadside. Sadwaande

  4. Klaas Groen | Grinsgefål febrewaris 5, 08:37

    Dy ôfsluter is tige wichtich foar de Fryske Beweging. Gelyk ek in lestige opdracht: hoe kinne je de publike opiny mobilisearje? Noch åltyd is de gemiddelde Fries net bot op ‘e hichte wat der spilet en wat der mooglik is. Ek foar de provinsje leit der in rol. De BFTK’s binne wichtich mar hjir jildt ek: de gemiddelde Fries hat hjir noch nea fan heard. Dêrom soe ik sizze: set in dúdlike stip op ‘e hoarizon en brûk dat ås begjin en ein fan ‘e kommunikaasje fan sawol provinsje ås beweging: in folslein twatalich Fryslân yn 2050. Ûnderweis dêrneita sil dúdlik wurde wat dat presys ynhâldt en wat dêr foar nedich is. By tsjinwar yn de rjochting fan 2050 is it dan ek logysker om Friezen te mobilisearen: De Haach sit dan ‘ús doel’ yn ‘e wei…

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.