Anne Dykstra: Grof flokwurd

jannewaris 31, 2024 08:00

Kollum

Unfoech praat (65)

It WFT jout by it wurd godferdomme mar twa sitaten, ien fan 1901 en ien fan 1972. Beide sitaten komme ek nochris út in net-publisearre hânskrift. Net hielendal ûnbegryplik fansels, want godferdomme is net allinne in ‘groffe vloek’ (WFT), it hat wis ek in risiko yn om folút godferdomme te roppen of te skriuwen. Mei godferdomme roppe je ommers de grime fan it Opperwêzen oer jo ôf: ‘dat God my no ferdomme mei!’ It WFT ferklearret godferdomme mei ‘god verdoem mij’, in hitende foarm (gebiedende wijs) dus, wylst op oare plakken oannommen wurdt dat it giet om in net-feitlike foarstelwize (aanvoegende wijs), nammentlik: ‘god verdoeme mij’. Foar God oer is dat yn alle gefallen gâns fatsoenliker as wat it WFT seit. By de útrop ferdomme seit it WFT oars wol dat dat ûntstien is út it tiidwurd ferdomme en my. It WFT neamt ferdomme ‘triviaal’, fan in flok wurdt net praat, lit stean in groffen ien.

It WFT rint oant 1975. Ik tink dat sûnt dy tiid de wifeling om de oerflok folút op te skriuwen in ein minder wurden is. Josse de Haan docht dat yn Piksjitten op Snyp sa’n 25 kear. En hy is echt net de iennige.

jannewaris 31, 2024 08:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.