Anne Dykstra: Boer

jannewaris 17, 2024 09:41

Kollum

Unfoech praat (63)

As in ploech as Ajax by ús op It Fean komt te fuotbaljen, meitsje harren supporters ús gauris foar boeren út. Wy sitte dêr mei 20.000 man, je soene dochs sizze dat dy lju witte moasten dat dat net allegearre boeren wêze kinne. Wêrom roppe sokken dat dan? Simpel, elkenien dy’t net út ’e Rânestêd komt is foar harren in boer. En boeren, dat is minderweardich, lompich folk, boer is dus in gaadlik skelwurd foar Hearrenfeansupporters.

It hat trouwens ek wol wat grappichs, dat boer-gerop, want in moai grut part fan ’e Ajax-supporters komt hielendal net iens út Amsterdam, sels net iens út ’e Rânestêd. Wy skelle fansels net werom. Wy reagearje op syn meast mei in iroanysk applauske.

Yn ’e oarloch wiene de Amsterdammers oars mar wat wiis mei de boeren, dy’t de âlders, of de paken en beppen fan mannich boer-roppende Ajaxsupporter troch de oarloch holpen ha. Ik wit noch dy iene kear, it wie noch op ’e âlde Oasttribune, dat we dêr op ynspilen troch Hongerwinter!! werom te roppen. Ik leau dat we harren histoarysk besef justjes te heech ynskatten, want wy bleaune boeren, sûnder pleats, dat wol.

jannewaris 17, 2024 09:41
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.