Al goed 2,5 meter snie yn Alaska
Resint ferskynd
Yn ’e Amerikaanske steat Alaska is sûnt it begjin fan de mjittingen yn de fyftiger jierren noch nea sa ier yn it winterseizoen safolle snie fallen as dit jier. Oant no ta foel der 2,6 meter oan snie.

Foto: pixabay.com
Dêrmei waard noch nea sa betiid de grins fan 100 inch (sa’n 2,5 meter) foarbygien, in symboalyske grinswearde dêr’t se yn Alaska faak nei sjogge. It foarige rekôr wie fan 2012, doe’t yn febrewaris dy grins helle waard. It is ek nochris de twadde winter efterinoar dat der mear as 100 inch fallen is.
Yn ’e stêd Anchorage kin nei alle gedachten meikoarten ek in nij rekôr fan de measte snie ea fêstlein wurde. Dat stiet no noch op 3,4 meter. De ynwenners hawwe al safolle flokken fallen sjoen dat dakken fan yn alle gefal trije gebouwen it bejûn hawwe. It stedsbestjoer hat minsken oproppen om harren dakken skjin te feien, om foar te kommen dat dy ek ynstoarte. Yn ’e oprop stiet dat de snie in dak mei sa’n 146 kilogram de kante meter belêst. “Dat is bêst swier”, skriuwt de stêd oan ’e ynwenners. Der waard in foarbyld by jûn fan in dak fan in hûs fan 139 kante meter, dat troch de snie in gewicht fan “likernôch acht lichte frachtweinen drage moatte soe.”
Handige putsjesikers besykje om fan dy omstannichheden te profitearjen. Yn ’e stêd binne oeral buorden sinjalearre fan bedriuwen dy’t reklame meitsje om it dak skjin te feien foar minsken dy’t dêr sels gjin nocht oan hawwe of it sels net kinne.
Mar de snie bringt ek genôch sniewille. Ien fan de bewenners fan Anchorage besleat in enoarme sniepop te meitsjen, fan seis meter heech. Dy krige de name Snowzilla. “Dizze winter is wis swier, mar wy Alaskanen binne wol wat wend”, sei bewenner Damon Fitts tsjin it Amerikaanske parseburo AP. “Wy kinne 100 inch oan snie hawwe en dochs op ’e tiid op it wurk wêze.”






Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje