91e Krystkongres Federaasje fan Fryske Studinteferienings

jannewaris 25, 2024 09:58

Op 28 desimber 2023 waard it 91e Krystkongres fan de Federaasje fan Fryske Studinteferienings holden. It tema wie “Fan ’e Wrâld”. Der kamen goed tachtich studinten op ôf.

It programma begûn de moarns mei in stedskuier troch Frjentsjer en in besite oan boargemaster Waanders op it stedhûs fan Frjentsjer. Waanders fertelde ûnder mear oer it Unesco Wrâlderfgoed, dat Fryslân neffens har ynternasjonaal op ’e kaart set hat, mar ek oer de útdagingen op polityk, ekonomysk en demografysk mêd.

Untfangst troch boargemaster Waanders (eigen foto).

De middeis wie yn De Bogt fen Gúne, it âldste studintekafee fan Nederlân, in sympoasium mei fjouwer sprekkers. De earste sprekker wie Bauke Deelstra, âld-skiednisstudint út Grins. Hy hat as sjoernalist foar Omrop Fryslân wurke en is hjoed-de-dei as kristlik misjonaris aktyf yn Albanië. Fan 2010 ôf die er alle jierren mei oan in evangelisaasjeprojekt yn in doarpke yn dat lân. Ein 2019 ferhuzen de Deelstra’s dêrhinne om harren misje dêr fuort te setten. Yn syn taspraak dielde Bauke mei it publyk syn ûnderfiningen mei it libben, de kultuer en de minsken yn Albanië.

Sjoerd van der Werf, de twadde sprekker, hold in ferhaal oer lânbou. Hy hat boer west yn it suden fan Fryslân, mar ruile dat om foar in grut melkfeehâlderij yn Nij-Seelân. Nei in goed skoft buorkjen die bliken dat de langstme nei it heitelân te grut wie, dat hy ymmigrearre werom nei Fryslân. Sjoerd fertelde oer it buorkjen yn Nij-Seelân en de ferskillen dêryn mei Fryslân, oer de lânbousektor yn syn algemienheid, de ferskillen yn wet- en regeljouwing en de status dy’t it buorkjen yn beide lannen hat.

Bearn Bilker oan it wurd (eigen foto)

De oare twa sprekkers wenje yn Fryslân mar hawwe harren objekt fan stúdzje/wurk yn it bûtenlân. Ald-politikus en -boargemaster Bearn Bilker learde it publyk dat it hjoeddeistige Nederlânske keningshûs, Oranje-Naussau, net bestien hie sûnder Frysk bloed en dat it sa in bysûndere bân mei Ljouwert hat. Mei help fan in stambeam die hy syn ferhaal, dêr’t er bysûnder omtinken yn joech oan bekende heechheden as Marijke Muoi en Albertine Agnes.

It sympoasium waard ôfsletten mei in ferhaal fan Anton Jongstra. Net in soad minsken koene him op foarhân, mar syn telefyzjeprogramma’s lykas Wie is de Mol, Hunted en De Verraders koene se wol. It publyk hong oan syn lippen doe’t er se meinaam de mediawrâld yn, mei sawol wurden as bylden.

Jûns hawwe de studinten it kongres ôfsletten mei in slokje yn De Bogt fen Gúne en mei ferskate ynformele aktiviteiten.

jannewaris 25, 2024 09:58
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.