36e Nijjiersrevu De Jouwer

jannewaris 10, 2024 13:16

Resinsje

Foto Nico de Lange

‘Op ‘e Hichte’ binne jo wis as jo de Nijjiersrevu 2024 sjoen hawwe.

Jo wurde meinommen yn ’e wrâld fan no. Tink mar ris oan de post en alle pakketsjes dy’t alle dagen besoarge wurde. En wat tinke jo fan de minne tegelpaden op ’e Jouwer. Kinne de beppen fan tsjintwurdich noch wol op harren bernsbern passe? En wat as jo freondinnen mei jo geane om jo grutste winsk te ferfoljen en it rint dochs wat oars? Hat De Jouwer in berch of is it dochs in bulte? En binne jo wol op ’e hichte fan de twa unike blommen dy’t op ’e  Jouwer groeie en nearne oars?

Foto Nico de Lange

Jo krije mei in protte humor tige by tige toaniel te sjen. De sketskes rige har slutend oaninoar; moai om te sjen hoe’t regisseur Anneke van den Akker fan Oerterp dat mei de revuploech úttocht hat.

It dekôr stipet eltse skets op bjusterbaarlike wize en is werklik prachtich om te sjen. Losse dekôrstikken komme yn rap tempo it poadium op en geane der like fluch wer ôf.

In lyts minpuntsje oan de revu fan dit jier is dat de sang net altyd like goed te ferstean is. In grut pluspunt dêr foaroer is de live-muzyk dy’t troch de fjouwerkoppige revuband spile wurdt.

Yn alle sketskes en lieten komt it tema Op ‘e Hichte werom. It publyk lit faak fan him hearre en laket omraak om wat der op it poadium bart. It is ek sa werkenber wat der spile wurdt.

Nijjiersrevu De Jouwer kin it besjen wier lije. En … om De Jouwer kinne jo net hinne, dat blykt al sa gau as jo de seal yn komme …

Sa’t wol ris sein wurdt: net stinne, der hinne! En dêr slút ik my folslein by oan.

Foar freedtejûn 12 jannewaris en sneontemiddei 13 jannewaris binne der noch kaarten te keap op www.revudejouwer.nl en by Tabakspeciaalzaak J.R. van Delden of oan ’e doar fan It Haske. Sneontejûn 13 jannewaris is útferkocht.

Froukje Kooistra, De Jouwer

jannewaris 10, 2024 13:16
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.