Ynternasjonale Fryslândei yn Emden (bywurke)

desimber 2, 2023 12:16

Sneontemiddei 25 novimber waard yn ’e Johannes a Lascobiblioteek yn Emden de Ynternasjonale Fryslândei holden. Der wiene gasten út de trije Fryske regio’s Noard-, Westerlauwersk en East-Fryslân oanwêzich.

Doel fan de gearkomste wie om mei-inoar te praten oer de takomst fan de Fryske kultuer yn in Europa fan regio’s en gearwurking. Yn ’e koroanatiid ûntstie yn de Facebookgroep Das Historische Ostfriesland (mei 25.000 leden) de winsk om in foarum te foarmjen en in libbensliif evenemint te organisearjen.

André Freimuth fan Pewsum organisearre de middei. Foarsitter Rikus Jager en Theo Frerichs holden taspraken. Der wiene presintaasjes fan dr. Arjan Dykstra, direkteur fan Tresoar, etnolooch Wolbert Smit, dr. Arthur Stögmann fan Haus Liechtenstein en der wie muzyk fan Ede Staal te hearren. Mei de Fryske mienskip yn Illinois, Feriene Steaten wie der in streekrjochte ferbining.

Besjoch films fan de gearkomste:

desimber 2, 2023 12:16
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.