Yn dizze Fryske gemeenten barre it faakst ûngelokken yn ’e hûs

desimber 30, 2023 08:19

In ûngelok sit yn in lyts hoekje, ek binnendoar. Nearne yn Fryslân giet it sa faak mis as yn ’e gemeente Harns. Op 10.000 ynwenners dogge har dêr jierliks 84 slimme ûngelokken troch fallen foar. Dat tal leit in stik heger as de provinsjale trochsneed fan 71. Dat en mear docht bliken út ûndersyk fan beslist.nl mei gegevens fan it CBS oer sikehûsopnamen en -pasjinten.

Harns (foto: Wikipedia – publyk domein)

It ûndersyk bringt gemeentegewiis yn kaart hoefolle ynwenners oft yn it sikehûs bedarje nei in slim húslik of falûngelok. Yn Fryslân leit it tal ûngelokken wat heger as op oare plakken yn it lân. De lanlike trochsneed komt nammentlik del op santich ûngelokken op 10.000 ynwenners. It giet ûnder oaren om ferwûningen troch fallen, stjitten of kontakt mei skerp glês of hjitte floeistoffen.

Gemeenten mei de measte slimme ûngelokken
Njonken ynwenners fan Harns komme ek Friezen út oare gemeenten relatyf faak yn it sikehûs telâne nei in ûngelok. De gemeenten mei nei ferhâlding de measte húshâldlike ûngelokken binne:

  1. Harns: 84 op 10.000 ynwenners;
  2. De Fryske Marren: 78 op 10.000 ynwenners;
  3. Eaststellingwerf en Skylge: 77 op 10.000 ynwenners;
  4. Súdwest-Fryslân en Weststellingwerf: 76 op 10.000 ynwenners;
  5. It Hearrenfean: 75 op 10.000 ynwenners.

Ynwenners fan Skiermûntseach en Flylân lykje it hoedenst te wêzen thús. Hja brochten de ôfrûne jierren gjin besite oan in sikehûs nei in ûngelok yn it húshâlden.

93% húslike ûngelokken feroarsake troch fal
Yn Nederlân wurde goed njoggen op de tsien slimme ûngelokken yn en om it hûs feroarsake troch in fal. Foaral 65-plussers rinne in grut risiko: dy binne slachtoffer fan mear as de helte fan alle húshâldlike ûngemakken.

Ferskillen tusken manlju en froulju
Froulju blike oare risiko’s te rinnen as manlju. Yn ferhâlding falle dy faker troch stroffeljen of útgliden. By manlju giet it faker mis by it dwaan fan putsjes yn en om ’e hûs hinne. Dy krije faker in ûngelok mei ljedders en stegers (76,7%) en by it wurkjen mei automatysk hânark (83,9%).

Besjoch de ûndersyksside.

desimber 30, 2023 08:19
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.