Wichtich wurk fan Collenius werom yn Grins

desimber 9, 2023 08:18 Fernijd

It Grinzer Museum hat in wichtich wurk fan de skilder Hermannus Collenius (1650-1723) oankocht. It wurk dûkte earder dit jier ûnferwachts op by in feiling yn New York. It paniel mei dêrop in tige seldsum stedsgesicht fan Grins, wie in lytse iuw spoarleas. Fan no ôf is it foar publyk te besjen yn it Grinzer Museum.

Hermannus Collenius ‘De allegorie van de tijd’ (foto: Groninger Museum)

Grut ynterieurkeunstwurk
It paniel, dat troch Sotheby’s yn New York feild waard ûnder de titel ‘De allegorie van de tijd’, waard yn 1908 ferhannele nei Amearika en ferdwûn doe ûnder de radar. It hie ea, mei sân oare skilderijen en in plafondskildering diel útmakke fan in alhiel skildere keamer út 1711 yn in gebou oan de Oude Boteringestraat 23 yn Grins. Sûnt 1998 hat it museum al fjouwer skilderijen en it plafond yn de kolleksje opnimme kinnen. No misse der noch mar trije.

Ien fan de âldste ôfbyldingen fan Grins
Op ’e foargrûn fan it skilderij leit Chronos, de Gryske personifikaasje fan de tiid, yn Nederlân bekend as ‘vadertje tijd’ en yn it Frysk as ‘omke tiid’. Mar de eftergrûn fan it skilderij is noch nijsgjirriger: dêr is in seldsum stedsgesicht fan Grins te sjen. It binne trije huzen út de Oude Boteringestraat, mei yn ’e midden it midsiuwske Hûs mei de trettjin timpels, sa’t dat der foar 1706 útseach. It is ien fan de âldste skildere ôfbyldingen fan Grins dy’t noch bewarre binne. Mei de fynst fan it skilderij is in protte te learen oer hoe’t Grins der eartiids útseach.

Oer de skilder Collenius
Hermannus Collenius (1650-1723) waard berne yn Kollum en wenne en wurke in grut part fan syn libben yn Italië en Grins. Yn syn tiid wie er ien fan de bekendste skilders fan Nederlân. Hy wie tige produktyf en makke foar in protte huzen grutte muorreskilderingen, dêr’t spitigernôch net in soad fan oerbleaun binne. Dêrneist portrettearre er in protte minsken út de Grinzer lânadel en stedsbestjoerders.

No te sjen
‘De allegorie van de tijd’ is no te sjen yn it museum. De oankeap is mei mooglik makke troch de Vereniging Vrienden van het Groninger Museum. Foar leafhawwers fan it ferline fan Grins is it sensasjoneel. It wurk hinget ûnder yn ’e hal fan it museum.

desimber 9, 2023 08:18 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.