Waarpraatsje: Wintersk wykein

desimber 1, 2023 18:00 Fernijd

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – De meteorologyske winter dy’t op 1 desimber begjint, sette yn Fryslân goed útein. Yn Ljouwert frear it tongersdeitenacht 10 graden. It wykein sjocht der wintersk út.

Sneon soe it op guon plakken earst noch dampich wêze kinne, mar letter skynt de sinne ek geregeld. By de noardlike kust lâns bliuwt de kâns op in winterske bui. Der stiet hast gjin wyn, mar by de kust lâns is de wyn matich út it noardeasten, yn ‘e middei út it súdwesten oant westen wei. De temperatuer leit krekt boppe it friespunt.

Snein wurdt it by in matige sudewyn in graad of 2. It bliuwt yn Fryslân, nei alle gedachten, wol drûch, mar der is minder sinne as sneon.

Moandei kin der wat winterske delslach falle en wy sjogge de sinne net in soad. By in matige súdeastewyn leit de temperatuer in pear graden boppe it friespunt.

Jan Brinksma

desimber 1, 2023 18:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.