Waarpraatsje: Noch ien kâlde nacht

desimber 6, 2023 17:44

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It is foarearst dien mei it kâlde winterwaar, mar wy krije noch ien nacht mei froast.

Woansdeitenacht klearret it op, mar op guon plakken kin ek damp ûntstean. By hast gjin wyn sil it op de measte plakken in pear graden frieze.

Tongersdei soe de sinne earst sa út en troch skine kinne, mar yn ‘e middei berint de loft en kin it dampich wurde. De sude- oant súdeastewyn is swak oant matich, mar yn ‘e middei by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftich en letter yn it Waadgebiet miskien wol krêftich. It wurdt in graad of 4.

Freed sil in skiere dei wêze en fan sneon ôf wurdt it in hiel stik mylder.

Jan Brinksma

desimber 6, 2023 17:44
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.