Waarpraatsje: Meast skier

desimber 5, 2023 18:00 Fernijd

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It fielt troch de wyn al dagen kâlder oan as de termometer oanjout en it bliuwt noch in pear dagen kâld.

Tiisdeitenacht kin der noch wat (sto)rein of wiete snie falle. De noardwestewyn is swak oant matich, by de kust lâns frij krêftich. De temperatuer leit op de measte plakken krekt boppe it friespunt.

Woansdei liket ek in skiere dei te wurden en der kin sa út en troch noch wat delslach falle. De wyn komt yn ‘e moarntiid út it noardwesten en is swak oant matich, by de kust lâns earst noch frij krêftich. Yn ‘e middei giet de wyn nei it westen en is matich. It wurdt 4 graden.

Tongersdei is it noch kâld, fan freed ôf wurdt it mylder.

Jan Brinksma

desimber 5, 2023 18:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.