Waarpraatsje: Kâns op snie

desimber 4, 2023 18:00 Fernijd

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie moandei in bytsje wyt en de kâns op wat snie bliuwt noch efkes.

Moandeitenacht (sto)reint it sa út en troch, mar wat wiete snie is ek net útsletten. Der stiet net in soad wyn, mar by de noardlike kust lâns is de wyn út it easten frij krêftich. De temperatuer leit om it friespunt.

Tiisdei wurdt in skiere dei mei sa út en troch wat rein of storein, mar der kin ek noch hieltyd wat wiete snie tusken sitte. Der stiet net in soad wyn, mar by de kust lâns is de wyn matich út rjochtingen tusken it noarden en it easten. De temperatuer leit krekt boppe it friespunt.

Woansdei bliuwt it, sa goed as, drûch.

Jan Brinksma

desimber 4, 2023 18:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.