‘Utstoarne’ eamelstikelbaarch nei 62 jier filme

desimber 8, 2023 09:43

In ynternasjonale groep fan wittenskippers hat by in ekspedysje op Nij-Guinea foar it earst bylden fan de Attenborough-fachtstikelbaarch makke. Dêrmei is nei goed sechstich jier ek bewiisd dat de bistesoarte net útstoarn is, sa’t tocht waard.

Gewoane fachtstikelbaarch (foto: Wikipedia/Jananath – CC BY-SA 3.0)

It iennige eksimplaar dat fan de soarte bekend wie, wie in opset bistje yn ’e kolleksje fan Naturalis yn Leien. Dat wie yn 1961 troch in Nederlânske ûndersiker oanlevere. Pas by neier ûndersyk waard yn 1998 dúdlik dat it om in folslein eigen soarte gie, net in jong eksimplaar fan in al bekende fariant. De soarte waard dêrom ferneamd nei biolooch en makker fan natuerprogramma’s David Attenborough, bekend fan de telefyzjesearje Planet Earth.

De eamelstikelbaarch, dêr’t de fachtstikelbaarch in ûndersoarte fan is, is opmerklik troch syn stikels as fan in stikelbaarch, syn snút as fan in eameliter en syn poaten as fan in mol. Mei it fûgelbekdier is it boppedat it iennige kloakabist
(aailizzend sûchbist). De soarte dy’t no weromfûn is, is sa’n tritich sintimeter lang en likernôch fiif kilo swier. De Cyclops-ekspedysje fan in moanne nei it berchgebiet mei deselde namme yn Yndonezysk Papoea hie ûnder mear as doel om dat skouwe wêzentsje te sykjen. In wyldkamera lei úteinlik fjouwer kear trije sekonden bewegend byld derfan fêst.

Utsein de eamelstikelbaarch fûn de ekspedysje ek noch in fûgelsoarte dy’t al sechstjin jier net sjoen wie en ûntdutsen de ûndersikers tsientallen nije ynsekten, kikkerts en in grenaat dy’t op it lân libbet.

desimber 8, 2023 09:43
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.