Undersyk wapens en wapenútrissing yn Frisia

desimber 29, 2023 08:18

Undersiker dr. Han Nijdam fan de Fryske Akademy en dr. Johan Nicolai fan de Ryksuniversiteit Grins, earder winner fan de skripsjepriis fan de Fryske Akademy 1996-1998, begeliede in ûndersyk nei wapens en wapenútrissing yn Frisia (of Fresia). It ûndersyk wurdt útfierd troch konservator midsiuwen en terpekultuer Diana Spiekhout fan it Frysk Museum. Hja hat foar de stúdzje in Museumbeurs takend krige.

Kening Redbad (boarne: Fryske Akademy)

Fan ûndersyk nei útstalling
Yn ’e stúdzje wurdt de betsjutting fan wapens en wapenútrissing yn Frisia út de perioade 350 oant 800 nei Kristus ûnder de loep nommen. Archeologyske restanten fan wapens binne wichtich yn it ûndersyk nei politike (yn)stabiliteit yn Noard- en Midden-Europa yn ’e iere midsiuwen. Eardere stúdzjes nei dat ûnderwerp oangeande Frisia jouwe lykwols gjin folslein oersjoch fan dy foarwerpen. It nije ûndersyk hat dêrom as doel om Frisia-breed alle wapens en wapenútrissing te ynventarisearjen. Sa is mear ynsjoch yn de machtsûntwikkeling fan it gebiet te krijen. Dat wurdt dan pleatst yn de ynternasjonale diskusjes oer de betsjutting fan wapens en de posysje fan Frisia yn de tiid fan de folksferhuzingen, de iere midsiuwen en de ûntwikkeling fan it keningskip. De resultaten fan it ûndersyk komme oan bod yn de útstalling mei de wurktitel Redbad, dy’t yn 2026 yn it Frysk Museum iepene wurde sil.

Museumbeurzen
It programma Museumbeurzen fan de Nederlânske Organisaasje foar Wittenskiplik Undersyk (NWO) jout foarm oan de mooglikheid om koartrinnend ûndersyk te dwaan yn ien fan de goed 400 musea yn Nederlân. It ûndersyk is yn hannen fan in museumekspert en wurdt yn gearwurking mei universiteitsûndersikers útfierd. It beëage doel fan de Museumbeurzen is it ferdjipjen en ferdúdlikjen fan de ideeën, materialen en objekten yn de museumkolleksje.

desimber 29, 2023 08:18
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.