Undersyk: ien op de fiif swietwetterfisken mei útstjerren bedrige

desimber 12, 2023 08:19 Fernijd

Goed tweintich persint fan de swietwetterfisken wurdt mei útstjerren bedrige. Dat docht bliken út de nije reade list fan bedrige bistesoarten dy’t de IUCN (Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan de Natuer) yn Dubai presintearre hat.

Atlantyske salm (foto: Wikipedia/William W. Hartley – publyk domein

Klimaatferoaring is in wichtich gefaar, njonken oare bedrigingen as fersmoarging, dammen en oerbefisking. Op de list mei bedrige bisten steane no hast 160.000 soarten, en dêrfan wurde 44.000 mei útstjerren bedrige.

Atlantyske salm
Utsein de bedrige swietwetterfisken is ek it tal Atlantyske salms flink minder wurden. Sûnt 2006 en 2020 is de populaasje mei 23 persint tebekrûn. De salm giet yn syn libben hieltyd fan swiet nei sâlt wetter en oarsom. Troch fersmoarging, dammen en sedimintaasje wurdt it foar de salm dreger om him fuort te plantsjen en genôch fretten te finen.

Griene seeskyldpod (foto: Wikipedia/Wouter Hagens, eigen wurk – CC BY-SA 3.0)

De griene seeskyldpod is ôfsakke fan ‘bedrige’ nei ‘mei útstjerren bedrige’. It WNF hat der noed oer. “Wy wurkje al mear as fyftich jier oan de beskerming fan seeskyldpodden. Is is ús ynmoed om de efterútgong fan seeskyldpodden wrâldwiid te kearen, te wurkjen oan it opbetterjen fan de soarte én te soargjen foar libbensgebieten en -omstannichheden.”

De saiga, in antilipe út Sintraal-Azië, docht it nettsjinsteande de druk fan klimaatferoaring better. Saiga’s stiene earst as ‘slim bedrige’ op ’e reade list, mar binne no ‘hast bedrige’. Troch gearwurking tusken oerheden en lokale mienskippen, it ferbod op jacht, antystreuperijmaatregels en bettere beskerming fan it libbesgebiet, giet it better mei de bisten.

By de COP28-top yn Dubai ropt it WNF lannen op om diel te nimmen oan de Global Freshwater Challenge. Dêr dogge no 38 lannen oan mei. “Wy hawwe alle lannen nedich om dat foarbyld te foljen, om’t dat de wei wêze sil nei in klimaatneutrale en fearkrêftige takomst foar it libben yn ’e oseanen.”

desimber 12, 2023 08:19 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.