The New York Times klaget techbedriuwen oan om skeinen auteursrjochten

desimber 30, 2023 08:17 Fernijd

The New York Times spant in rjochtsaak oan tsjin Microsoft en OpenAI foar it skeinen fan it auteursrjocht. De krante seit dat OpenAI, bekend fan de chatbot ChatGPT, en Microsoft sûnder tastimming miljoenen artikels brûkt hawwe om software foar keunstmjittige yntelliginsje (AI) te trainen. De krante is bang om dêr lêzers, en dus ynkomsten, troch te ferliezen.

Foto: Wikipedia/Haxorjoe, eigen wurk – CC BY-SA 3.0

OpenAI en Microsoft sizze dat se gjin tastimming nedich hiene omdat de artikels út The New York Times iepenbiere ynformaasje op ynternet binne. It is de earste kear dat in grut Amerikaansk mediabedriuw in AI-bedriuw oanklaget fanwegen it brûken fan in oar syn wurk. Der wurdt gjin konkrete fergoeding easke, mar de krante seit wol dat de bedriuwen ferantwurdlik binne foar miljarden dollars oan skea. Dêrnjonken easket de krante dat de bedriuwen alle chatbotmodellen en trainingsgegevens ferneatigje dêr’t auteursrjochtlik beskerme materiaal yn brûkt is.

OpenAI en Microsoft – dat miljarden dollars yn it troch Elon Musk oprjochte OpenAI ynvestearre – soene neffens The New York Times fan syn nijsartikels profitearje sûnder derfoar te beteljen. Yn ’e oanklacht wiist de krante derop dat de wearde fan beide partijen troch it fergees brûken fan syn artikels, mei miljarden dollars oprûn is. De útkomst fan de rjochtsaak kin bepalend wêze foar de rol fan it auteursrjocht yn ’e wrâld fan keunstmjittige yntelliginsje.

desimber 30, 2023 08:17 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.