Temajûn ‘De grutte omslach’ mei Jan Rotmans yn Boalsert

desimber 8, 2023 08:57

Op moandei 11 desimber wurdt yn Hotel De Groene Weide yn Boalsert in temajûn oer transysjes en duorsumens holden. Jan Rotmans sprekt dêr oer syn misje: ‘Wy libje net yn in tiidrek fan feroaring, mar yn in feroaring fan tiidrek.’ Rotmans lit sjen wat just wol kin en wat it opsmyt.

Jan Rotmans (boarne: www.janrotmans.nl)

Oanslutend reagearret in foarum op de lêzing fan Rotmans. De foarumleden binne Christien Lycklama à Nijeholt, bestjoerslid MKB Nederlân, Bouwe de Boer fan FossielFrij Fryslân en Dirk-Jan Smelt, teammanager ierdgasfrije wiken by Ekwadraat.

Spesifyk gemeente Súdwest-Fryslân
Yn de gemeente Súdwest-Fryslân binne in protte inisjativen op it mêd fan enerzjytransysje, lykas Enerzjystêd Boalsert, It Eilân Snits gasfrij, Waarm Heech en Duorsum Warkum. En der binne tsientallen enerzjykoöperaasjes aktyf. De gemeente Súdwest-Fryslân is mei 907,87 km2 kwa oerflak de grutste gemeente fan Nederlân en omfiemet 89 stêden en doarpen, in grut bûtengebiet, marren en in grut part fan de Iselmar dêr’t Wynpark Fryslân yn ferriisd is.

Jan Rotmans
Rotmans is in ynternasjonale autoriteit op it mêd fan transysjes en duorsumens en wol oerheden, bedriuwen en boppedat it yndividu de oplossing biede foar de gaos en krises dy’t field wurde. Sjoch foar mear ynformaasje op www.janrotmans.nl.

De organisaasje fan de temajûn is yn hannen fan FNP Súdwest-Fryslân. De ynrin is fan 19.30 oere ôf, oanfang 19.45 oere. De tagong is fergees.

desimber 8, 2023 08:57
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.