Subsydzje foar it takomstbestindich meitsjen fan it boerebedriuw

desimber 25, 2023 08:12

Agraryske ûndernimmers yn ’e provinsje Fryslân dy’t harren bedriuw takomstbestindiger meitsje wolle, kinne dêr fan 22 jannewaris oant en mei 12 febrewaris 2024 subsydzje foar oanfreegje.

Boarne: Provinsje Fryslân

“De kommende jierren is der jild beskikber dêr’t de lânbousektor nije stappen mei sette kin nei de takomst. Wy stelle no ien fan de earste subsydzjeregelingen op basis fan it nije Mienskiplik Lânboubelied iepen. Ik bin bliid dat we dêr boeren yn it ûntwikkeljen fan harren bedriuw fierder mei helpe kinne”, seit lânboudeputearre Femke Wiersma.

Soks kin bygelyks troch mei spesifike ynvestearringen in bydrage te leverjen oan miljeu- en klimaatdoelen en troch effisjint gebrûk te meitsjen fan natuerlike helpboarnen lykas wetter, boaiem en bioferskaat. Dêrby kin tocht wurde oan masinen foar meganyske ûnkrûdbestriding, wetterbesparjende presyzjebereining of de ferwurking fan kompost. Der kin ek keazen wurde foar ynvestearringen dy’t bydrage oan it bistewolwêzen. Bygelyks troch foar mear libbensromte foar de bisten te soargjen of foarsjenningen foar it weidzjen fan it fee.

De subsydzje, dy’t yndividueel of mei oare boeren oanfrege wurde kin, bestiet út 40% fan de kosten fan de ynvestearring oant in bedrach fan € 125.000. Jonge boeren (ûnder de fjirtich jier) krije op syn meast 55% fergoede.

Oanfreegje fia SNN
Oanfreegje fan de subsydzje kin fan 22 jannewaris 2024 ôf fia de webside fan it Samenwerkingsverband Noord-Nederland (SNN). Dêr is ek mear ynformaasje oer de subsydzje te finen. Op de webside fan de provinsje is de regeling en in foarriedige planning foar de subsydzjes yn 2024 te finen. Sa komt der bygelyks ein 2024 op ’e nij in subsydzjeregeling foar ynvestearringen op it boerebedriuw.

desimber 25, 2023 08:12
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.