Skylge (gedicht)

desimber 9, 2023 09:30
Nei oanlieding fan ús oprop om kreative bydragen krigen wy dit gedicht tastjoerd. Mear gedichten en ferhalen binne fan herten wolkom op ynfo@itnijs.frl. Redaksje It Nijs

Yllustraasje: Skelte Braaksma

Skylge

Yllustraasje: Skelte Braaksma

Myn eilân, it Skylger lân.
Wat bisto moai, in paradys.
Dyn bosk, dún, see en strân,
’k longerje nei Hee, Hoarn en Lies.

It swalkjen op ’t Griene Strân,
de noflike sit yn ’e kafees op West,
dêr’t it fear himsels stadich flaaiket oan
de kaai dy’t op de seeboaiem rêst.

De sâlte wyn dy’t hommels draait,
yn pûsters it rjochte paad wer fynt
oer Kinnum, Baaidunen en Kaard,
en sa lân, loft en see oaninoar bynt.

In nije dei yn Stryp, Formearum en Midslân,
dêr’t it earste ljocht in iere boer beskynt
neist de skuordoar, it sigaretsje yn ’e hân,
wylst de reek fredich it paad nei boppen fynt.

It wide útsicht op Landerum en Aesterein,
oer de cranberryfjilden leit in dize
te wachtsjen op de earste foarjiersrein.
Wa soe hjir himsels no net ferlieze?

In kobbe fljocht oer de fjilden,
op de Wierskuorre hâldt er skoft.
It lân leit splis, de krêft fan it wetter:
myn Skylger lantsje ûnder in stielblauwe loft.

Sander Hoekstra

De dichtbondel Brutsen kostet spesjaal foar de lêzers fan It Nijs € 15,00 ynkl. ferstjoerkosten. Mail nei sanderhoekstra@icloud.com.
desimber 9, 2023 09:30
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.