Sinteklaas – ‘de grutte leagen’

desimber 1, 2023 06:57

Foto Ronn; boarne Wikipedia Commons CC BY-SA 4.0

In hiele side yn ’e krante ferline wike sneon oer wat wy de bern eins oandogge mei ús Sinteklaasferhaal.

De âlden dogge harren bêst om de bern leauwe te litten dat de man mei it wite burd echt bestiet en letter moatte se fertelle dat it allegearre net wier is. Grutte teloarstelling by de bern.
En binne de âlden eins noch wol betrouber? As se oer it iene lige, dan kinne se dat oer it oare ek dwaan. Foar in protte bern betsjut de wierheid frustraasje, ûnwissens.

Net foar elkenien dy’t ynterviewd waard, hie dat geastlik leed en lijen feroarsake, mar it artikel like my in prima oanset om neist Swarte Pyt no ek Sinteklaas sels mar ôf te skaffen. As der safolle kwea mei dien wurdt …

Hoe, frege ik my ôf, haw ik it sels ûnderfûn doe’t ik derefter kaam dat Sinteklaas in optinksel wie?
Sân of acht wie ik doe’t hy – de Sint – foar my net mear bestie. Hoe’t dat krekt gien is, wit ik net mear, it wie gewoan sa. Heit en mem soargen foar de kadokes, net de man mei miter, reade mantel en stêf.
Dy moarn fan 6 desimber wie ik hiel betiid wekker: it wie ommers de moarn fan de kadokes! Spannend wie dat, de syktocht troch it hûs. Swarte Pyt hie him nachts troch de skoarstien sakje litten en hie se ferstoppe – nuver, mar dêr leaude ik dochs noch wol in bytsje fan.
Op in stuit hearde ik ûnder yn de bykeuken heit omskarreljen, dy’t him klearmakke foar it melken. En ik hearde ek, dat de wasktobbe, dy’t ûnder de tafel mei potten en pannen stie, ferskood waard: ik wist wêr’t ik aanst sykje moast.
Hiel nuver makke my dat net bliid. Ik fûn it och sa sneu foar heit. Hy hie syn bêst dien om it my net al te maklik te meitsjen en no wist ik it samar.
Pas oardeloere letter rôp mem dat ik wol fan ’t bêd komme mocht.
Nei dy moarn hie it Sinteklaasfeest miskien wol wat fan syn glâns ferlern, mar it bleau prachtich. De ûntdekking fan de wierheid hat myn bernesiel perfoarst gjin skea tabrocht.

Sinteklaas ôfskaffe? Nee, lit ‘de grutte leagen’ asjebleaft oant yn lingte fan dagen in prachtich spul bliuwe foar jong – en âld.

Sieger Bijsterveld, De Jouwer

desimber 1, 2023 06:57
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Henk desimber 2, 22:33

    In stikje nei myn hert!
    In bern mut doch ris leare dat de echte wierheid yn it libben net bestiet!
    En dat je dielgenoat wurde yn “it grutte geheim”….dat hat ek wol wat!
    Groetnis fan de Sint fan Aldemardum!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.