Seis Keamerleden lizze ûnthjit yn it Frysk ôf

desimber 8, 2023 08:34

Seis Friezen hawwe woansdei 6 desimber by harren ynstallaasje as Keamerlid yn de nije Twadde Keamer it ûnthjit yn it Frysk ôflein: “Dat ferklearje en ûnthjit ik.” It giet om Max Aardema en Martine van der Velde fan de PVV, Habtamu de Hoop fan GrienLinks-PvdA, Folkert Idsinga en Aant Jelle Soepboer fan NSC en Aukje de Vries fan de VVD.

Boarne: Twadde Keamer

Alle Keamerleden begûnen de dei mei in middeismiel, dêr’t famylje en freonen ek wolkom by wiene. Foar Aant Jelle Soepboer fan Nijewier, âld-Steatelid Max Aardema fan Drachten en Friezinne om utens Martine van der Velde, dy’t yn Utert wennet, wie it de earste dei yn de Twadde Keamer. Aant Jelle Soepboer wie earder FNP-wethâlder yn Noardeast-Fryslân.

Demisjonêr steatssekretaris Aukje de Vries, Habtamu de Hoop en Folkert Idsinga hawwe der sin oan om opnij yn De Haach oan ’e slach te gean. Folkert Idsinga wennet yn Amsterdam, mar komt oarspronklik fan Bakkefean. De Ried fan de Fryske Beweging hat de Friezen in hertlike lokwinsk stjoerd mei de beneaming ta lid fan de Twadde Keamer.

desimber 8, 2023 08:34
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.