Sealterfryske grammatika op Taalportaal

desimber 14, 2023 21:13

Taalkundigen fan oer de hiele wrâld kinne no opsykje hoe’t Sealterfryske wurden en sinnen yninoar sitte. Op de grammatikawebside taalportaal.org is sûnt woansdei 13 desimber nammentlik in Ingelsktalige grammatika fan it Sealterfrysk beskikber. Dat is in foarm fan it Frysk dy’t praat wurdt yn de Dútske gemeente Sealterlân. Der binne krapoan twatûzen sprekkers.

Foto: Wikimedia Commons – publyk domein

De acht mânske haadstikken binne skreaun troch de taalkundigen Eric Hoekstra en Bouke Slofstra fan de Fryske Akademy yn Ljouwert, dy’t tegearre mei Tessa Leppers earder al twa Dútsktalige grammatika’s fan it Sealterfrysk skreaun hawwe. Meikoarten sille fierdere bydragen taheakke wurde, en dêrby dan ek in beskriuwing fan de útspraak fan it Sealterfrysk troch taalkundige Stephen Laker fan de Japanske Kyushu-universiteit. It auteursteam hat de ôfrûne jierren ferskate kearen yn it Sealterlân west om mei minsken út it taalgebiet te praten. Dat hat laat ta nije befiningen op it mêd fan de grammatika fan it Sealterfrysk.

Henk Wolf, de wittenskiplik meiwurker foar it Sealterfrysk fan it Seeltersk-Kontoar fan ’e Oldenburgische Landschaft, hat it projekt inisjearre en lies en bekommentariearre alle haadstikken foar publikaasje. Hy is tige bliid dat de grammatika no beskikber is. Wolf: “De belangstelling foar Sealterfrysk is wrâldwiid folle grutter as dat in soad minsken tinke. Boppedat sammelje in soad taalkundigen dy’t bygelyks tiidwurden bestudearje, ynformaasje út elke taal dy’t se fine kinne. As grammatikale ynformaasje yn it Ingelsk fergees beskikber is op ynternet, sil it Sealter-Frysk yn de takomst folle faker yn cross-linguistyske stúdzjes meinaam wurde. ”

De fjirde projektpartner is njonken de Fryske Akademy, it Seeltersk-Kontoar en de Kyushu-universiteit, it Instituut voor de Nederlandse Taal yn Leien, dat ferantwurdlik is foar de technyske wurksumheden oan de webside. It Nedersaksyske ministearje fan Wittenskip en Kultuer en it Dútske ministearje fan Ynlânske Saken makken it wurk finansjeel mooglik. De webside taalportaal.org, publisearre yn 2014, is in wichtige boarne fan grammatikale ynformaasje oer it Westerlauwersk Frysk, Nederlânsk en Afrikaansk. Sawat fjirtich taalkundigen út ferskate lannen hawwe bydroegen oan de beskriuwingen fan dy talen.

desimber 14, 2023 21:13
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.