Presintaasje streektalemanifest ‘Prachtig plat’

desimber 5, 2023 08:18

BBB Jong en PerspectieF fan de ChristenUnie jongerein presintearje op woansdei 13 desimber it streektalemanifest ‘Prachtig plat’. Dat manifest is opset om net allinnich omtinken te freegjen foar it behâld fan streektalen, mar ek it stimulearjen derfan.

It kultureel ferskaat fan Nederlân wurdt ferrike as de posysje fan de streektalen fersterke wurdt. De jûns sil it manifest oerlange wurde oan fertsjintwurdigers fan de beide partijen om de linen tusken de regio en polityk De Haach koart te hâlden. Fierder sille der lêzingen wêze fan heechlearaar moderne talen en kultueren Marc van Oostendorp (@fonolog) en mjirkes heechlearaar Centre for Language Studies Roeland van Hout.

Op it stuit is it manifest al ûndertekene troch mear as tritich lanlike organisaasjes. Minsken dy’t ynteressearre binne, kinne op dy jûns sjen hoe’t it dialekt minsken út alle regio’s ferbynt. De presintaasje op 13 desimber wurdt yn it provinsjehûs fan Assen holden. De ynrin is fan 19.00 oant 19.30 oere en dêrnei begjin it programma.

Boarne: PerspectieF/BBB Jong

desimber 5, 2023 08:18
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.