Podcastsearje Jongfryske Mienskip ôflevering 4: Sander Hoekstra

desimber 11, 2023 09:00

De Jongfryske Mienskip praat yn in podcastrige mei sân gasten oer ferskate ûnderwerpen oangeande de Fryske taal, kultuer en identiteit.

Yn de fjirde ôflevering is Sander Hoekstra te gast. Sander is net allinnich foarsitter fan de Jongfryske Mienskip, mar ek heit, ûndernimmer en dichter. De JFM praat in dizze ôflevering oer de bewustwurding fan syn Fryske identiteit, Frysk yn it bedriuwslibben en skiednisferfalsking troch ‘dy Hollanners’. Mar ek oer de denigrearjende hâlding fan De Haach en iepenbier bestjoer nei Friezen en noarderlingen ta, oer Dútsers dy’t har Frysk fiele, de Upstalsbeam, en fansels dat wichtige doel fan de JFM: autonomy.

Op sosjale media kin op de podcast reagearre wurde mei stekje #JFMpodcast.

desimber 11, 2023 09:00
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Lútsen desimber 11, 15:35

    Dit fraachpetear giet oer bewustwurding fan identiteit. Goede saak. Dêr heart ek by: geef Frysk taalgebrûk. Yn dit ynview hear ik in protte net-Fryske wurden lykas: bijna, nog steeds, uze, staatsburger, mei betrekking tot, voorzitter, hartstikke mooi, ik heb, sinds, hoe ‘t werkt, op ‘n gegeven moment, sich, geskidenis, omstreeks, rustig, geskydferfalsing, ik ha sayts fan, froeger, heel erg, toen, bezig, wie ensafuorthinne!
    Leave minsken, JOU EK SELS IT GOEDE FOARBYLD.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.