Podcastsearje Jongfryske Mienskip ôflevering 3: Herman van Vliet

desimber 4, 2023 09:00

De Jongfryske Mienskip praat yn in podcastrige mei sân gasten oer ferskate ûnderwerpen oangeande de Fryske taal, kultuer en identiteit.

Yn de tredde ôflevering is Herman van Vliet te gast. Dy helle yn 2023 syn master skiednis oan de Rijksuniversiteit Groningen, en hy is ûndernimmer en passyboer. Hy set him yn foar it behâld fan âlde rassen, en foar bewustwurding oer in koartere itenskeat. It petear mei him giet ûnder oaren oer wat der te rêden is by de RUG, Fryske ytkultuer, in baltende Harma, sûne boaiems en wêrom’t er as selsferklearre bûtensteander fan betinken is dat de Friezen net grutsk genôch binne.

Op sosjale media kin op de podcast reagearre wurde mei stekje #JFMpodcast.

desimber 4, 2023 09:00
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Lútsen desimber 4, 17:15

    Jenny, do moatst better Frysk leare!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.