Pier Bergsma: Yn Dantumadiel fersteane se gjin Frysk

desimber 7, 2023 07:06

Kollum

Boarne: Webside Gemeente Dantumadiel

De lêste wiken hongen der by ús yn Hurdegaryp grutte posters fan de Gemeente Dantumadiel mei as opskrift:  “Eigenzinnig? Deal! Kom werken bij Dantumadiel”. No wurdt yn dy gemeente hast troch elkenien Frysk praat. Ik fûn it dêrom in aparte reklame, ek al om’t yn Actief, de reklamekrante dy’t we woandeis altyd troch de doar krije, op 16 novimber in moai stikje oer in nij inisjatyf fan dy gemeente stie:

De gemeente Dantumadiel set útein mei in projekt om it Frysk skriuwen ûnder skoalbern yn de gemeente te ferbetterjen. Op 4 skoallen yn de groepen 7 en 8 wurde lessen jûn oer it fertellen en skriuwen  fan Fryske ferhalen. Foar in soad bern yn Dantumadiel is it Frysk harren memmetaal. Der wurdt in soad Frysk praat. It skriuwen bliuwt der wat op efter. Ik hoopje dat dizze lessen der oan bydrage dat bern it Frysk ek mear skriuwe sille”, sa seit wethâlder Rommy Kempenaar.

Oant sa fier it goede nijs. Ik haw de webside fan Dantumadiel opsocht om te sjen wat se sa al freegje fan nije meiwurkers. Dat is bygelyks dit:

Kortom: als Consulent Schulddienstverlening ben je de professional die concrete stappen zet, menselijke verhalen begrijpt en praktische oplossingen biedt in de wereld van schuldhulpverlening.

Jij hebt:

MBO werk- en denkniveau, Kennis van de actuele wet- en regelgeving (WGS en WSNP) en bent bekend met de kwaliteitseisen vanuit de NVVK, Competenties zoals verantwoordelijkheid, communicatieve vaardigheid en nauwkeurigheid

En sa giet it folslein fierder yn ús oare rykstaal. Gjin wurd Frysk en der wurdt ek net oanjûn dat Frysk ferstean en praten in pree is. Dus wol Frysk fan de skoallen freegje, mar te ûnnoazel, lamliddich of ûnberet wêze om sels it goede foarbyld te jaan. Wat moatte we no mei soks, want yn it taalbelied fan de gemeente stiet:

It jout fertrouwen om jinsels uterje te kinnen yn jins memmetaal, boppedat soarget taal ek foar (fer)bining tusken minsken ûnderling. Wy binne ús bewust fan ús foarbyldfunksje en litte oan ús ynwenners sjen dat der yn ús gemeente sawol Frysk as Nederlânsk sprutsen en skreaun wurde kin. Wêr mooglik besykje wy de sichtberens fan it Frysk te fergrutsjen en it draachflak te ferbreedzjen.

Nochris, wat moatte we mei soks. Op papier en yn de digitale wrâld fan alles tasizze, mar der yn de praktyk neat mei dwaan. No hie ik der wer in Te Gast oer skriuwe kinnen yn de Leeuwarder Courant, mar dat wurdt op it lêst ek ferfelend. Sadwaande mar ris op It Nijs en dernei de publikaasje streekrjocht oan de Gemeente Dantumadiel stjoere. Wa wit komt der noch in ambysje om it Frysk yn de fakatuereteksten te brûken.

desimber 7, 2023 07:06
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Cor Jousma desimber 7, 10:24

    Wy boartsje takom jier wer gemeente, mei in echte boargemaster en echte wethâlders. Us gemeenteriedsleden fertsjinje fansels mar in grypstehealstoer. Mar dat alles kostet de ynwenners in soad jild en de oaljekoeken op âldjiersdei!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.