Oekraïne hat nei goed njoggen jier Krimskatten werom

desimber 4, 2023 08:12

Nei goed njoggen jier opslach yn in Amsterdamsk museum binne alle saneamde Krimskatten yn Oekraïne werom. De museumstikken binne ferline wike yn de Oekraynske haadstêd Kyiv oankommen.

Allard Pierson Museum (foto: Wikipedia/bMa)

It Allard Pierson Museum krige de stikken fan fjouwer Krimmusea yn brûklien foar in útstalling fan febrewaris oant en mei augustus 2014. Yn maart 2014 anneksearre Ruslân it Oekraynske skiereilân nei in ynfal. De Feriene Naasjes, de Europeeske Uny en Nederlân hawwe de ôfskieding en oansluting by Ruslân net erkend. Fuort nei de anneksaasje seine de Krimmusea dat sy rjocht op de stikken hiene. Oekraïne easke de objekten yn maaie 2014 op. It Allard Pierson Museum wist net oan wa’t it de objekten weromjaan moast. Dêrom besleat it museum om de stikken te hâlden oant de rjochter útspraak dien hie.

Jierrenlange rjochtsaak
Der folge in rjochtsaak dy’t jierren duorje soe. De Krimmusea easken dat de relikwyen werom giene nei it plak dêr’t se wei kamen, dus nei de troch Ruslân besette Krim. De rjochtbank besliste al yn desimber 2016 dat Oekraïne de Krimskatten krije moast en fiif jier letter kaam it gerjochtshôf ta itselde oardiel. De Hege Ried befêstige dy útspraak earder dit jier. De saak late ta in heechopgeand konflikt tusken Nederlân en Ruslân.

Els van der Plas, direkteur fan it Allard Pierson Museum, seit bliid te wêzen dat de stikken no yn Oekraïne werom binne. “It hat in bysûndere saak west, dêr’t kultureel erfgoed slachtoffer by waard fan geopolitike ûntwikkelingen”, seit se. “Wy binne bliid dat der dúdlikens kommen is en de stikken no weromstjoerd binne.” It museum besleat de kolleksje op te slaan yn ôfwachting fan de útspraak. De ôfrûne moanne binne de objekten troch in ûnôfhinklike partij kontrolearre en ynpakt.

desimber 4, 2023 08:12
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Fridunanth desimber 4, 18:51

    ‘… Krimskatten yn Oekraïne werom …’ Hoesa werom?
    It is meast Tataarse keunst en de Tataren wenje op de Krim en net yn Oekraïne: gerjochtelike keunstrôf dus!
    Alwer in ûnderminend geopolityk spultsje tusken steaten, dêrst oan sjen kinst, dat dy folslein yn hannen binne fan oparbeidzjende kriminele organisaasjes.
    No sille de rôfde keunstskatten út Nederlanske musea ek wol weromjûn wurde oan de rjochtmiitige eigeners, no?

  2. Kerst Huisman desimber 6, 11:35

    Frou van der Plas fan it Allard Pierson museum seit, dat kultureel erfgoed earst slachtoffer waard fan geopolitike ûntwikkelingen, Mar dêrnei waard se bliid dat de stikken nei Kyef stjoerd binne. De stikken kamen fan de Krim en binne dêr hielendal net wer hinnegien. It is mar krekt hoe’t jo it besjogge. Ik tink dat kultureel erfgoed krekt troch dit beslút slachtoffer wurden is fan geopolitike ûntwikkelingen.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.