Nijjiersrevu De Jouwer: Desimber, it sil wol slagje

desimber 13, 2023 09:00

Bloch

Op wei nei de 36e Nijjiersrevu op ’e Jouwer (12)

Blikstiender, de tiid hâldt gjin skoft! Op it stuit dat ik dit skriuw is it noch mar in lytse fjouwer wike oant de premjêre. Dat besef soarget altyd wol foar wat kribels: slagget it om op ’e tiid klear te wêzen? Fuort dêrnei komt it besef: it is altyd noch slagge, dat no slagget it ek wer! Mei dat betrouwen geane wy de lêste wiken yn. Der moat lykwols noch in soad barre, mar der steane ek noch wat ekstra repetysjes yn ’e planning.

Foto: Revuploech De Jouwer

It wichtichste is no om fan alle lieten en sketskes in gehiel te meitsjen. Dêrfoar binne de saneamde trochrinnen. Strykt it mei sa’t it op it programma stiet? Kinne de spilers op ’e tiid foar it folgjende stikje, omtsjoend en wol, op it poadium ferskine? Dêr leit foar guon spilers de útdaging, want se fine it geweldich as it allegearre krékt kin. Oare spilers hawwe leaver in pear tellen oer om noch efkes kontrolearje te kinnen oft hja alles by har hawwe en wat de earste sin ek alwer is. Dêr hawwe wy ús revuband hurd by nedich. It outro fan it foargeande ferske moat soargje foar wat ekstra tiid of der moat noch in yntro betocht wurde foar it folgjende nûmer. De mannen binne der kreatyf en kundich genôch foar, dus ek dat moat no wer goed komme.
In oare manier om tiid te winnen is in nijsflits dêr’t wy de lêste jierren gau ris gebrûk fan meitsje. Dy nijsflitsen wurde yn kroechsesjes troch in pear skriuwers betocht. Dat jout ús in moaie kâns om it lêste nijs fan De Jouwer en omkriten noch yn de revu te ferwurkjen. De ôfrûne revu’s die bliken dat it publyk dat wol wurdearje kin, dus dat moat no ek wer foarinoar komme. Dêr leit fansels ek wer in útdaging foar de spilers: de lêste teksten, dy’t meastentiids ôfgryslik skerp binne, moatte noch wol yn it kopke. Och, it sil wol wer slagje.

De kleankommisje hat in bulte klean klear socht. Der moat ek noch it ien en oar naaid of fermakke wurde. Under de trochrinnen blykt ek noch wolris dat der klean oanpast wurde moatte. Dêr draaie se de hannen net foar om; it slagget alle kearen wer poerbêst!

Op it stuit repetearje we noch yn it keale ramt fan it dekôr. It is tige noflik dat dat yn de grutte seal fan ’e Miks past. Yn dizze revu moatte de spilers nammentlik út alle hoeken en hernen fan it dekôr komme en dat moat fansels wol oefene wurde.
De dekôrskilder kriget noch in drokke desimbermoanne … Der is in soad skilderwurk, mar it is him wol tabetroud dat it wer in pronkje wurdt dat foar alle Jousters werkenber is. De oaren fan de dekôrploech hawwe ek noch wol wurk. De regisseur wol der op it lêste momint noch wolris wat by betinke en sy sizze net gau “nee”, dus it sil wol wer goed komme.

Yn dizze lêste faze komt de technyk der ek oan te pas. Wietse, Dennis en Hendrik kinne it skript ek hast út ’e holle en witte wêr’t lûden komme moatte. Fan begjin desimber ôf skowe se gauris oan by in repetysje. Sa kinne de spilers oan de lûden wenne en witte de mannen hoe lang oft it lûd duorje moat. Harren echte útdaging komt ein desimber, as wy ferhúzje nei ’t Haske. Dan komt it ljocht derby. Hoewol’t it ljocht- en lûdplan al lang klear leit, witte we dan pas echt hoe’t it yn ’e seal klinkt en oft de ferljochting útkomt sa’t it betocht wie. It slagget, dêr binne we wis fan.

Hast alles komt út ’e koker fan regisseur Anneke. Dat it mei har foarinoar komt, dêr sitte we gjin tel oer yn. It is net om ’e nocht dat se al har fjirde Nijjiersrevu op ’e Jouwer regissearret.

Dan noch efkes it folgjende: de kaartferkeap foar de 36e Nijjiersrevu Op ’e Hichte is begûn. Kaarten foar de foarstellingen op 5, 6, 12 en 13 jannewaris 2024 yn Sealesintrum ’t Haske binne te besetten op www.tickettekoop.nl/2024/revu-de-jouwer of by Tabakspesjaalsaak J.R. van Delden yn ’e Midstrjitte op ’e Jouwer.

Folkeline Papjes, desimber 2023

De eardere blochs yn dizze rige binne hjirre te finen.

Besjoch in filmke út de âlde doaze:

desimber 13, 2023 09:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.