Nijjiersrevu bringt Jousters foar de 36e kear ‘Op ’e Hichte’

desimber 25, 2023 09:00

‘(Op ’e) Hichte’ is it tema dat de ploech mei-inoar fûn hat en dêr’t de skriuwers it hiele ôfrûne jier mei oan ’e slach west hawwe. Dêr koene se hiel wat kanten mei út. In harsenskrabberssesje levere it skriuwersploechje hiel wat ynspiraasje op: somtiden miskien wat foar de hân lizzende ûnderwerpen, mar wis ek hiel ferrassende ideeën kamen oer de skriuwerstafel.

Revuploech De Jouwer (foto: Nico de Lange)

Op ’e hichte, dat moat de Jousters nijs biede en dat kinne se sjen by ien fan de foarstellingen op 5, 6, 12 en 13 jannewaris 2024 yn ’t Haske op ’e Jouwer. Mar de Revuploech siket it ek letterlik hegerop. Yn de seal fan ’t Haske komt in pronkje fan in dekôr te stean. Dêryn wurdt op hichte spile en songen. De revuploech mei him yn ’e hannen wriuwe mei sa’n ploech kreative dekôrbouwers. Dit jier wiene de winsken fan regisseur Anneke van den Akker wer útdaagjend te neamen. De manlju hawwe der aardich oer gear moatten, mar se hawwe de winsken fan Anneke fertaald nei in prachtich echt Jouster toaniel. Allinnich foar Jousters? Wis net, minsken fan bûten de Jouwer sille har ek thús fiele by de Nijjiersrevu.

De spilers en muzikanten binne sûnt septimber ûnder lieding fan de regisseur oan it repetearjen foar de 36e Nijjiersrevu. Sjongcoach Marcin Rachula is ynroppen om alles út ’e kast te heljen wat mearstimmich sjongen en sa oanbelanget. De revuband, dy’t alle lieten live begeliedt, is útwreide mei in nije toetsenist: Chris Boersma fan Jutryp. Der stiet ús publyk yn ’t Haske in goed stik muzyk te wachtsjen.

Ferline jier is der ôfskied nommen fan in pear ras-revuspilers. Gelokkich binne dy grutte gatten wer opfolle. Remko Zijlstra, Jouster om utens, Wiep Ringnalda-Wiersma, opfolchster fan har mem Doetie, en Roelineke Meester, foarhinne sminkster, fersterkje it revu-team. Sy hawwe der stik foar stik in protte nocht en wille oan en dat is te sjen en te hearren!

Wat meie de besikers kwa ynhâld ferwachtsje? In soad, dêr kinne we koart oer wêze. Ah, jo wolle dochs wat mear op ’e hichte brocht wurde? No, dêr geane we:
Wa’t oan de Jouwer en oan hichte tinkt, komt fansels fuortendaliks op de Ballonfeesten. Dat geweldich moaie evenemint mei dan ek net ûntbrekke. Der binne fan dy minsken op ’e Jouwer dy’t (tinke dat se) oeral fan op ’e hichte binne. Sy dogge ek mei. Fansels is neat wat it liket en wurdt it publyk wol ris ferrifele. Wat is it heech(s)te punt op ’e Jouwer? Der is ek nijs dêr’t wy de oanwêzigen jo fan op ’e hichte bringe. En … der is ek efkes wat oars.

Koartsein: foar alle besikers komt der wol wat op it aljemint en dêrmei bringt de Jouster ploech harren yn hegere sfearen. Dêr is kommende tiid fêst noch wat oer te hearren of te sjen. De sosjale mediakanalen fan Revu de Jouwer binne te folgjen om op ‘e hichte te bliuwen.

Hiel graach oant sjen op freed 5 (20.00 oere), sneon 6 (20.00 oere), freed 12 (20.00 oere) of sneon 13 jannewaris 2024 (14.30 en 20.00 oere) yn Sealesintrum ’t Haske. Kaarten kostje € 15,00 (jûns) of € 12,50 (sneontemiddeis) en binne te keap op www.revudejouwer.nl en by Tabakspesjaalzaak J.R. van Delden, Midstrjitte 63 op ’e Jouwer. By alle foarstellingen is der in lotterij mei moaie prizen en nei ôfrin fan de jûnsfoarstellingen is der live-muzyk.

Bliuw Op ’e Hichte en kom by de 36e Nijjiersrevu op ’e Jouwer! De Jouster Nijjiersrevu is trouwens noch de iennige revu yn Fryslân. In hichtepunt dat net ien misse wol!

Folkeline Papjes, Revuploech De Jouwer

Boarne: Revuploech De Jouwer

desimber 25, 2023 09:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.