Nij Europeesk Erasmus+ projekt foar Mercator: ‘Read with MEE’

desimber 26, 2023 08:17

Oan ’e ein fan desimber set it Europeeske projekt Read with Multilingual Early Education (Read with MEE) útein. It projekt hat as doel om belangrike lêsfeardigens en lykweardige edukative kânsen te befoarderjen foar jonge meartalige bern tusken de twa en seis jier âld.

Foto: pixabay.com

De klam fan it projekt leit by bern dy’t in nasjonale, regionale, migrante- of flechtlingeminderheidstaal prate. Dêrby kin yn Fryslân bygelyks tocht wurde oan Fryske, Biltske, Turkske of Oekraynske bern. Read with MEE sil de ynklúzje fan harren taalfeardigens befoarderje op foarskoalsk ûnderwiis en thús.

It projekt hat as doel om:
a) kennis te fergrutsjen oer in ynklusive ûntwikkeling fan meartalige lêsfeardigens;
b) it stypjen fan ymplemintaasje en ynklúzje fan meartalige lêsfeardigens op foarskoalsk ûnderwiis en thús;
c) in positive hâlding te ûntwikkeljen foar taalferskaat en thústalen.

It Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen sil dit nije Erasmus+ projekt koördinearje. Partners yn it projekt binne: ATiT (België), NHL Stenden University of Applied Sciences en 8D Games (Ljouwert), Trinity College Dublin (Ierlân), en de University of the Basque Country (Spanje). It projekt wurdt finansiere troch de Europeeske Uny.

desimber 26, 2023 08:17
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.