Ministearje VWS fynt kommunikaasje yn it Frysk net nedich

desimber 21, 2023 21:56

Troch it ryksregear wurde faak moaie wurden sprutsen oer de wearde fan it Frysk. Mar as de kniper op de skine komt, docht gauris bliken dat de dieden dêr net mei strike. Dat falt benammen op as it Ryk wol útlânske talen brûkt om minsken te berikken mar net de taal fan in part fan de eigen ynwenners. Dat wie in jiermannich lyn it gefal mei de foarljochting oer koroana. Nei klachten út Fryslân waard it Frysk dochs noch taheakke oan de brûkte talen; sjoch bygelyks dizze poster oer it belang fan faksinearjen yn it Frysk

Foarljochting op de webside fan it ministearje fan VWS yn it Arabysk oer koroana

Dit jier foel it de Ried fan de Fryske Beweging lykwols op dat it Frysk fannijs miste by de kommunikaasje oer koroana. De ferwachting wie dat in freonlike brief wol fertuten dwaan soe om it ministearje fan Volksgezondheid, Welzijn en Sport yn it sin te bringen dat it Frysk der tenei ommers ek by hearre soe. Mar nee, út it antwurd dat okkerdeis ynkaam by de Ried, docht bliken dat it ministearje alhiel net mear fan doel is en brûk it Frysk noch yn de kommunikaasje mei de Friezen:

Is de beliedsline dan no al wer wizige? Faaks is it mear swalkjend belied en kiest elk ministearje syn eigen koers. Want mei de ferkiezingen lêstendeis stelde it Ryk just noch Frysktalige posters beskikber om yn it stimlokaal te brûken: Poster foar yn it stimlokaal yn it Frysk

desimber 21, 2023 21:56
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.