Luciakonsert yn Snits

desimber 6, 2023 08:18

Foar de tredde kear wurdt op woansdei 13 desimber yn Snits it Luciakonsert holden, organisearre troch de Martini Koarskoalle Snits. By it Luciakonsert sjonge 25 bern fan oarsprong Sweedske ferskes dy’t spesjaal foar it konsert yn Snits yn it Frysk oerset binne troch Peter Sijbenga. Bern sjonge yn it konsert mei profesjonele musisy en dit jier is it ekstra spesjaal om’t it op Omrop Fryslân útstjoerd wurdt.

Boarne: Martini Koorschool Sneek

It Luciafeest is yn Sweden in iuwenâlde tradysje: bern yn wite klean en mei in reade sjerp mei kearskes op ’e holle meitsje harren âlden wekker en bringe harren iten, begelaat mei Luciaferskes. Dy lietsjes binne yn Sweden krekt sa bekend as Sinteklaas- of krystferskes yn Nederlân. It is ek tradysje dat doarpen foar it jierlikse konsert in eigen ‘Lucia’ kieze, dy’t foarop yn ’e prosesje mei en in kroan mei (echte) kearskes draacht.

It konsert op 13 desimber wurdt brocht troch de Martini Koarskoalle Snits, in strykkwartet út it Keamerorkest fan it Noarden, sopraan Fardau van der Woude en pianist Bob van der Linde. It gehiel stiet ûnder lieding fan dirigint Gerard van Beijeren. It konsert wurdt holden yn de sfearfol ferljochte Sint Martinustsjerke oan de Singel yn Snits en begjint om 19.30 oere. Kaarten binne no alfêst te bestellen.

desimber 6, 2023 08:18
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.