Love Actually, gjin hertferwaarmjende romantyske komeedzje

desimber 1, 2023 08:01

Filmskôging

Love Actually is in romantyske film oer it fereale wurden foar en mei de krystdagen. Yn de bioskopen wurdt syn tweintichjierrich bestean mei in restaurearre ferzje fierd. It is tiid foar in krityske blik.

Love Actually, by in soad minsken populêr as de ultime krystfilm, is lykwols net frij fan krityk, foaral as it giet om it idealisearjen fan romantyk. De film, dy’t yn 2003 útbrocht waard, liet by my in bliuwende yndruk efter, mar by it opnij sjen fan de film docht er dochs wat nuver oan.

Wat opfalt is de wize dêr’t dizze film romantyk yn idealisearret. In treffend foarbyld is de ferhaalline fan Mark en Juliet, dêr’t Mark – spile troch Andrew Lincoln – op krystjûn syn gefoelens foar de ferloofde fan syn bêste freon mei hânskreaune buorden oerdreaun yn uteret, wylst er nea mei Juliet praat hat. Dy iensidige bewûndering wurdt presintearre as in romantysk gebeart, mar smyt fragen op oer de realiteit fan soksoarte situaasjes.

In oar ferhaal dat fragen opropt, is dat fan Colin (Kris Marshall), dy’t nei Amearika reizget yn de oertsjûging dat Britske froulju “te yngewikkeld” binne. Syn moeting mei trije op it each stereotype Amerikaanske froulju resultearret yn in orgy, dêr’t de froulju as poer seksuele objekten by foarsteld wurde. Dy ferhaalline, hoewol komysk, draacht by oan de oerflakkige represintaasje fan romantyk en man/frou.

In oar punt fan krityk is de útbylding fan romantyk tusken de Prime Minister (Hugh Grant) en syn meiwurkster Natalie. Harren relaasje ûntstiet fluch en wurdt ôfskildere as in mearke oer de machtige man dy’t foar de sjarmes fan in tsjinstbere frou falt. Dat romantyske idealisearjen draacht by oan ûnrealistyske ferwachtingen.

Fierder sjogge we ferhalen dêr’t leafde yn triomfearret sûnder djipgeande kommunikaasje of begryp fan wjerskanten. De românse tusken Jamie en Aurelia, dy’t fereale wurde sûnder in mienskiplike taal, fersterket it byld as soe leafde in suver emosjonele ferbyntenis wêze, sûnder praktyske oerwagingen of kommunikaasje.

Yn it ljocht fan de oanwaaksende lykweardigens yn moderne films, smyt Love Actually fragen op oer de relevânsje fan syn romantyske idealen. Wylst de film fierd wurdt fanwegen syn jubileum, is it essinsjeel om jin wol kritysk ôf te freegjen hoe’t romantyk foarsteld wurdt en oft dat wat bydraacht. Ek al kin in film allinnich foar it fermeits bedoeld wêze, de foarmen dy’t love Aktually oannimt, binne by tiden problematysk. Mar wa’t har/him dêr bewust fan is kin wis wol genietsje fan in poarsje ûnrealistyske romantyk yn dizze desimbermoanne!

desimber 1, 2023 08:01
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.