Line Hut: Wat hast oan polarisaasje?

desimber 18, 2023 19:51

Skôging

Eigen foto

De oerwinning fan de PVV fan Wilders liket alwer in skoftke lyn. As reaksje op de ferkiezingsútslach krige ik in oantal appkes fan ferskillende freonen. Lilkens en skamte oerhearsken: ‘hoe kinne sa folle Nederlanners sa dom wêze’. Ien freondinne hie der net fan sliepe kinnen, hieltyd tinkend oan hoe’t it no mei de flechtlingen komt. Oaren makken har drok om klimaat.
Oan ien kant begryp ik it. Mei in politike kleur bekent men it minskbyld dat men hat. Dêr bedoel ik mei oft men fynt dat de minske ynherint ‘goed’ is, sa’t kommunisten of Rutger Bregman, yn De meeste mensen deugen, de minske sjogge. Of dat fûn wurdt dat men fan natuere egoïstysk is of sels sûndich en gebrekkich sa as by religys as it kristendom.
Mei in goed-minminskbyld yn ’e efterholle wurdt belied makke. Moatte de útkearingen omleech, omdat de loaie earmen oars gjin stimulâns hawwe om oan it wurk? Oan de oare kant: moatte de húskes foar froulju iepene wurde foar elkenien? “Transfroulju wolle ommers allinne mar pisje …”

Nei wa’t de yn de ferkiezingen stim fan ien opgien is, is dus hiel wat te efterheljen oer hoe’t se yn it libben steane en hoe’t se harsels yn relaasje ta oaren sjogge. Fan ien mei in wat konservativere of rjochtse miening soenen je, as je it negative minskbyld trochlûke, in egoïstyske, miskien sels arrogante hâlding ferwachtsje. Wat opfalt is dat just ‘tolerant links’ minsken fanwegen politike kleur ôfdocht. Minsken dy’t op de PVV stimd hawwe binne dom, koart foar de kop en steane fier fan ‘ús, rjochtfeardige progressiven’ ôf. PVV-folk is simpel, der is net mei te redenearjen. ‘Ik hoech gjin kryst mei sokken te fieren.’

Yn it ferline haw ik my ek bombastysk utere oer polityk en politike tsjinstanners. De passy fan in achttjin-, njoggentjinjierrige is it bewûnderjen wurdich, mar by folwoeksen wurden heart ek in bepaalde emosjonele en sosjale ûntwikkeling, it fermogen om ôfstân te nimmen fan ekstreme lilkens om plak te meitsjen foar ferwûndering: wêrom tinksto dat? No wol ik net sizze dat elke gjalp in publyk of in debat wurdich is, of datst nea krityk uterje meist. Ik besykje romte te kreëarjen foar in iepen petear, fan alle kanten. Net in petear om ien oer te heljen of om te ‘winnen’, mar in oprjocht petear, mei it inoar begripen as útgongspunt. Wa wit, is der in mienskiplik doel dat allinne mei-inoar berikt wurde kin. Miskien lykje we mear opinoar as dat we tinke

desimber 18, 2023 19:51
Skriuw in reaksje

5 opmerkingen

  1. Erwin2.0 desimber 19, 09:19

    Goed stik. Polarisaasje tsjingean en Fryslân autonoom. Hjir is de wrâld noch yn oarder, mei tank oan minsken as Line.

  2. Ferdinand de Jong desimber 19, 17:27

    Folslein mei iens. Sjoch ek de lêste sin fan it kommentaar fan Kerst Huisman fan juster, oer it foardiel fan in fredesposysje foar Fryslân. Twaris hulde.

  3. Nanne Hoekstra desimber 20, 12:45

    Lofts en rjochts lykje yndied op inoar. Beide sjogge mear werom as foarút. Lofts (alteast it ‘wokerige’ part) is wakker dwaande mei ekskuzen oanbiede foar in ferline dêr’t neat mear oan te dwaan is. Rjochts (alteast it radikale/populistyske part) wol tebek nei in ferline dat der nea west hat. In mienskiplik doel dat mei-inoar berikt wurde kin, soe dêrfoaroer just in yn alle opsichten duorsume takomst wêze moatte: sjoch https://www.itnijs.frl/2023/11/nanne-hoekstra-stim-tsjin-de-takomst-as-wingewest/. Spitigernôch lykje de winners fan de ferkiezingen perfoarst net fan doel om dêr foar te krewearjen.

  4. Cor Jousma desimber 20, 16:49

    Kreas stik! Foar immen dy’t it Dútsk machtich is, is de analyze fan Sahra Wagenknecht yn har nijste boek Die Selbstgerechten de muoite fan it lêzen wurdich!

  5. Jan A. Schulp desimber 21, 14:56

    Goed stik! Ferkiezings twijgje de minsken altiid om al har opfettings yn ien stim gear te fetsjen. Dat slagget nimmen! Sykje altiid de minske achter de PVV- of Grien Links stimmer! En freegje dy by it werd progresyf altiid ôf: progressing toward what? en by konservatyf: wat wosto feitlik bewarje?

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.