Kulinêr ite foar eltse beurs yn ‘Foarútsjen mei Reitse’
Resint ferskynd
Fan 1 o/m 5 jannewaris by Omrop Fryslân te sjen
Om it nije jier goed te begjinnen sjocht Omrop Fryslân mei spesjale gasten, yn ’e earste wike fan jannewaris, foarút mei Reitse. Mei syn gasten makket Reitse alle dagen in gerjocht en Miranda Werkman sjocht oan ’e tafel foarút nei 2024. Mei oare wurden, in kombinaasje fan goede petearen en hearlik iten.

Miranda Werkman en Reitse Spanninga (byld: Omrop Fryslân)
Dit jier giet Reitse de útdaging oan om foar € 10,- foar fjouwer persoanen in gerjocht klear te meitsjen. Wat it noch spannender makket is dat Reitse de yngrediïnten net sels keapje mei, dat dogge syn gasten foar him. Nei it itensieden sjogge se oan ’e tafel mei presintator Miranda Werkman foarút nei it nije jier.
De hiele wike komme der ferskillende gasten by Reitse del om in gerjocht klear te meitsjen en it petear oan te gean. Sa komt Douwe Beimin fan Platform Armoede en Schulden del om mear te fertellen
oer hoe it stiet mei de earmoede yn Fryslân en giet er tegearre mei Reitse oan ’e slach mei in feganistysk gerjocht. Tom Metz, foarsitter fan de Voedselbank yn Snits komt ek del yn ’e keuken. Hy praat de sjoggers by oer it inisjatyf om it fergriemen fan iten tsjin te gean. Hy nimt in diel fan it iten fan de itensbank mei en makket dêr tegearre mei Reitse in hearlik gerjocht fan.
It programma stiet dit jier yn it ramt fan duorsume, goedkeape en sûne gerjochten. Der wurdt mei de gasten praat oer ûnderwerpen as skulden, duorsumens en earmoed, mar der wurde foaral lekkere en maklike gerjochten makke. Hoe’t de minsken thús ek mei it meitsjen fan de gerjochten oan ’e slach kinne, is foar alle resepten op webside en app fan Omrop Fryslân te sjen.
Foarútsjen mei Reitse is fan moandei 1 oant en mei freed 5 jannewaris alle dagen om 17.20 oere en dêrnei alle oere te sjen by Omrop Fryslân.






Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje