Krystkonsert Ljouwerter Bachferiening

desimber 9, 2023 15:51

Snein 17 desimber jout Ljouwerter Bachferiening ûnder lieding fan Rianne Meinardi syn krystkonsert mei as titel ‘Hodie Christus natus est’.

It programma draacht de titel fan de komposysje dêr’t it konsert mei iepene wurdt: ‘Hodie Christus natus est’ fan Jan Pieterszoon Sweelinck (1562-1621). It lêste stik fan it konsert hjit ek sa; dat is de toansetting fan Francis Poulenc (1899-1963).

Tuskentroch sjongt it koar krystlieten yn it Frânsk, Ingelsk en Latyn en krystkoralen fan Johann Sebastian Bach. Peter van der Zwaag spilet bypassende muzyk op it Mülleroargel.

It konsert is yn de Grutte of Jakobiner Tsjerke yn Ljouwert en begjint om 15.00 oere.
Kaarten binne te keap op www.ticketkantoor.nl/shop/LBVkerst23. Sjoch foar QR-koade bygeand affysje.

 

desimber 9, 2023 15:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.