Krekt útkommen: de fjirde printinge fan ‘Jip en Janneke yn it Frysk’

desimber 3, 2023 08:16

Boarne: Afûk

De tredde printinge fan Jip en Janneke yn it Frysk wie al in skoft útferkocht, mar it is de Afûk slagge om de fjirde printinge noch krekt foar Sinteklaas ferskine te litten.

Utjouwer Ernst Bruinsma: “Wy hawwe mei it each op de konstante belangstelling foar dit klassike berneboek op ′e nij in grutte oplage printsje litten. Dêrmei komme wy yn totaal op 7.000 ferskynde eksimplaren fan de Fryske Jip en Janneke. Foar in Frysk boek is dat fansels in geweldich grut sukses.” Yn de Fryske Jip en Janneke binne alle aventoeren fan diel 1 oant en mei 5 fan de ultime beukerfreontsjes byinoar brocht. Fan Jip en Janneke boartsje tegearre oant Dach Jip, dach Janneke!. De yllustraasjes fan Fiep Westendorp binne yn swart-wyt en yn kleur.

Boekgegevens Jip en Janneke yn it Frysk
Auteur: Annie M.G. Schmidt | Yllustraasjes: Fiep Westendorp | Oersetter: Ytsje Steen-Buwalda | Foarmjouwing: Boudewijn Boer | ISBN 978 94 92176 38 7 | Frysk, ynbûn, 352 siden | Ferkeappriis: € 29,50 | Afûk, Ljouwert 2023 | www.websjop.afuk.frl

desimber 3, 2023 08:16
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.