Jan Bosgraaf: Fredemoanne

desimber 16, 2023 08:00

Kollum

In grut part fan de wrâld is yn ûnstjoer troch de oarloch tusken Israel en Hamas, dy’t ûntstie nei de grouwélige oanslach troch Hamas op Israel op 7 oktober dit jier. Foar de Joaden wie it de dei fan it Slotfeest (Sj’mini Atzeret), dêr’t it Leafhuttefeest (Soekot) mei ôfsletten wurdt. Oft it opsetsin fan Hamas wie, om krekt op dy dei de oanslach út te fieren, sil altyd wol in fraach bliuwe. Allyksa de fraach oft Israel, faaks troch it feest, efkes net op syn iepenst wie. Mar wat de gefolgen fan dy oanslach binne, lêze, hearre en sjogge we alle dagen yn de media.

Fuort nei 7 oktober rôpen regearingslieders om it lûdst dat Israel it rjocht hat om him te ferdigenjen. Dat jildt fansels foar elk lân en foar in hiel soad oare, minder wichtige en bytiden berneftige, omstannichheden. Lykas bisten ek harren territoarium tsjin ynkringers ferdigenje. Linkendewei begjinne dyselde lieders har lykwols ôf te freegjen oft wat Israel yn de Gazastripe úthellet, noch wol ferdigenjen is. Faaks kin noch wol begryp opbrocht wurde foar it feit dat Israel Hamas útskeakelje wol, mar dat dêr ek tûzenen ûnskuldige Palestinen (manlju, froulju en bern) it slachtoffer fan wurde, raast oan ’e protters. Nee, it is gjin oarloch tsjin de Palestinen, hâldt it Israelyske regear út. Al wurdt der, sa’t it liket, gjin inkeld ûnderskied makke. Blykber hilliget it doel alle middels. Wannear komt dêr in ein oan, freegje woltinkende minsken har ôf. Wa’t syn hoop fêstige hie op de Feilichheidsried fan de Feriene Naasjes, waard ek teloarsteld. Politike en ekonomyske belangen wage swierder as minskelibbens.

Eins wie ik net fan doel om dêroer te skriuwen. Want dêrmei kom ik op sok glêd iis, dat ik, ear’t ik it tinke kin, foar rasist of antysemyt útmakke wurdt. Tsjintwurdich jouwe in pear wurden of rigels faak al oanlieding ta in soad argewaasje. Foar- en tsjinstanners fan de ferskillende belangen of partijen binne fuortdaliks op ien ein as immen yn harren eagen in ferkeard wurd seit oer itjinge dêr’t hja foar steane en foar opkomme. Elkenien tinkt dat er it gelyk oan syn kant hat, en yn syn rjocht stiet om dêrút wei te hanneljen nei’t him of har goed tinkt. Soks laat ta twaspjalt en yn syn ekstreemste foarm ta de apokalyptyske bylden fan de Gazastripe, Oekraïne en oare plakken yn ’e wrâld. Tink mar oan de oarloch yn Jemen, oan Syrië dat foar it grut part yn pún leit, en gean sa mar troch. It lit op in ferbjusterende wize sjen, wêr’t de minske ta by steat is. Hooplik komt it minskdom – en benammen lieders – ea ta it ynsjoch dat minsken mei-inoar yn frede libje wolle.

Boarne Wikimedia Commons (publyk domein)

Om ta dat ynsjoch te kommen is desimber in poergeskikte moanne. It is net allinne de wintermoanne, it is likegoed de krystmoanne en fredemoanne. Dat kringt sels troch yn de grutste oarloggen. Yn desimber 1914, in pear moanne nei in begjin fan de Earste Wrâldoarloch, skeaten de Britske, Frânske en Dútske soldaten wiken oanien út ’e rinfuorgen wei opinoar. Wylst se allegearre hopen om mei de krystdagen wer thús te wêzen, sieten se yn de wurchgreep fan kanonnefjoer en gewearsalvo’s. Tûzenen kamen om it libben. De slachtoffers koene net iens begroeven wurde. It wie fierstente gefaarlik om út de rinfuorgen te kommen. Oant krystjûn fan 1914. Nei wiken fan reinich waar, wie it begûn te friezen en wiene de omstannichheden yn de rinfuorgen wat draachliker. Flak foar de krystdagen foel der snie en waard it slachfjild ’fredich’ wyt. De Ingelske soldaten krigen fan it haadkertier lykwols berjocht dat se dan krekt in Dútske oanfal ferwachtsje koene. Op krystjûn seagen se ta harren fernuvering yn de Dútske rinfuorgen krystbeammen mei kearsen. Wie it in ôfliedingsmanoeuvre? In ynlieding ta de foarseine oanfal? Mar … wie it no harren gemoedstastân of hearden se it echt? Jawis, se hearden it goed, de Dútske soldaten songen Stille Nacht, Heilige Nacht. Geandewei boaze it sjongen oan en de Ingelske soldaten begûnen ek krystlieten te sjongen. Dryste soldaten krûpten heal út de rinfuorgen en rôpen krystwinsken nei-inoar. Der waard net mear sketten. Se doarden alhiel út de rinfuorgen te kommen en rûnen oer it slachfjild nei-inoar ta, joegen inoar sûkelade en sigaretten en dronken bier en whisky. Doe’t de sinne de oare moarns troch de dize bruts, waarden ôfspraken makke oer it beïerdigjen fan de slachtoffers. Tige spitich dat lieders der neat fan leard hawwe en it fredeboadskip fan krysttiid noch hieltyd net fersteane.

Elkenien yn sûnens noflike krystdagen tawinske en folle lok en seine yn it nije jier.

desimber 16, 2023 08:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.