Jaap Slager: Kuierje, goed foar dichtsjen

desimber 2, 2023 08:00

Kollum

Ik haw krekt in skoftke nei mysels sitten te sjen, op in foto yn ’e krante. Dy wie nommen fan in ôfstân fan seis miljard (!) kilometer, stie derûnder.
Heden, wat bin ik grou op dy foto! Soks falt fan tichteby net sa op. It die my tinken oan in foto dy’t ús Lúcia makke de lêste kear dat se hjir wie. Dat moat yn ’t earstoan fan 2020 west hawwe. Want it wie justjes foar de útbraak fan Covid-19. Lúcia-en-dy wiene krekt op ’e tiid werom yn it Ingelân doe’t de Portugeeske grinzen sluten waarden.

Foto Lúcia

De fan Lúcia makke foto toant myn Maria, dy’t wat boadskippen yn ús auto leit. Doe’t ik dy opname neitiid te sjen krige, sei ik fuort: ‘Kremis, ik haw dy beam hielendal net stean sjoen, doe’t ik ús auto dêr delsette.’
Maria andere droech: ‘Dat is gjin beam, ju. Dat bisto sels.’

Fan doe ôf – en ek om’t in ûndersyk útwiisd hie dat ik prediabetysk bin – meitsje ik moarns in kuierke. It stigingspersintaazje fan tsien slacht it hert my achtentachtich troch, as ik nei in goed kilometer boppe kom. Dat as ik wer thús bin, haw ik de put der wol út.
Docht it fertuten kwa gewicht? Gjin soademiter!
Haw ik der sin oan as ik fan bêd kom? No, nee!
‘Mar it is goed foar in minske,’ seit de diëtiste (nutricionista hjit dat hjirre). Dat, toe mar… it ferstân op nul, eardopkes yn, in stikje muzyk op, gongelstôk yn it mûtele knûstke en de koers deryn.

Langer haw ik fadomuzyk op ’e kop by dy moarnskuier. Want, as jimme dit stikje lêze, moat o pequenino do Pomarão (sprek út: oe pikeNInoe doe pûmarAoe) dyselde dei wer sjonge op de jierlikse fadojûn fan de freguesia (= parochy) Santana (= Sint Anne). Dat komt, myn Maria hat my fan it begjin ôf pequenino (= lytske) neamt. Dat, no neame se my allegearre sa.

Juster – of wie it earjuster? – hearde ik it rigeltsje ‘saudade da saudade’. Dat fûn ik moai. Want, giet it ús allegearre net sa, dat wy wat wy as fanselssprekkend beskôgje – of sels lestich – misse as it der net mear is? Hawwe wy allegearre bytiden gjin langstme nei it fjoer en de ambysje dy’t wy fielden doe’t wy noch jong wiene, en dy’t wy doe somtiden mar in bytsje lestich fûnen?
Watsei?

No, ikke wol. Dat, doe’t ik thúskaam, skreau ik it gedicht Langstme nei langstme.
Dat is hjir te finen.

desimber 2, 2023 08:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.