It Sealterfrysk yn it sintsje

desimber 26, 2023 08:18

De Sealterfryske fertsjintwurdiger en de pleatslike histoarjeferiening presintearje boek en filmkes.

Ut it nije wittenskiplik wurk Saterfriesische Beobachtungen docht bliken dat minsken oer de hiele wrâld belangstelling hawwe foar it Sealterfrysk. It befettet bydragen fan sechstjin saakkundigen op it mêd fan taalkunde en taalûnderwiis. Under har binne Sealterlanners lykas de leararen Edith Sassen en Ingeborg Remmers, dy’t de didaktyske ûnderbouwing fan harren Sealtersk learboek Seeltersk lopt beskriuwe, mar ek de Britsk-Japanske taalkundige Stephen Laker, dy’t it W-lûd yn it Schäddel-dialekt beskriuwt en de Taisk-Beierske ûndersiker Jirayu Tharincharoen, dy’t beskriuwt hoe’t de meiwurkers fan de Sealterfrysktalige Wikipedy it iens binne oer harren eigen staveringsregels.

Wolf (l.) oerlanget Otto it earste eksimplaar (foto: Seelter Bund)

Oanlieding foar de boekedysje is it fyftichjierrich bestean fan de gemeente Sealterlân yn 2024. Boargemaster Thomas Otto hat ferline wike woansdei it earste eksimplaar út hannen fan útjouwer Henk Wolf krigen, op in Sealterfryske jûn organisearre troch pleatslike feriening Seelter Buund yn Schäddel (Scharrel). It boek is net yn boekhannels te keap, mar wurdt spesjaal oan nigethawwers weijûn. Sadree’t alle eksimplaren útdield binne, sil de ynhâld fergees op ynternet beskikber steld wurde.

De Sealterfryske fertsjintwurdiger Henk Wolf presintearre de jûn ek in rige films makke troch Christoph Knorr fan it bedriuw Nordseefilm. It yn Niebüll basearre filmbedriuw hat al in protte produksjes makke oer de kultueren yn it Noardseegebiet, wêrûnder de spylfilm Der Krug an der Wiedau.

De Sealterfryske filmsearje hjit Anne Äi en lit petearen yn it Sealterfrysk oer aktuele en histoaryske ûnderwerpen sjen. De Strücklinger doarpshistoarikus Clemens Ahrens fertelt oer syn boek Wat barde der doe: Strücklingen yn de tiid fan de Twadde Wrâldoarloch, wylst de âld-deputearre Marianne Fugel it hat oer de grutte brân yn Scharrel en oer de Sealterfryske famyljenammen. Yn totaal binne acht fideo’s makke. Yn de earste film is de Strücklingen doarpshistoarikus Clemens Ahrens te sjen, dy’t it fertelt oer syn boek Was damals geschah: Strücklingen in der Zeit des 2. Weltkriegs. De film is te sjen op de webside fan Seeltersk-Kontoor (www.seeltersk.de) en op sosjale media. De oare fideo’s sille de kommende wiken folgje.

Filmmakker Christoph Knorr (foto: Nordseefilm)

Doel fan it projekt is om it Sealterfrysk op it ynternet better te fertsjintwurdigjen en de mooglikheid te skeppen om langere, taalrike en nijsgjirrige petearen yn it Sealterfrysk foar jonge Sealterfriezen en taallearders beskikber te stellen.

Noaten oer duorsumens: De blomlêzing is op miljeufreonlik papier printe. Fideoreportaazjes en wittenskiplike wurken yn it Sealterfrysk ferfange soms konferinsjes dêr’t oars motorisearre ferkear foar nedich wêze soe.

Opmerking oer finansiering: De hjirboppe neamde projekten binne mooglik makke troch finansiering fan it Nedersaksysk ministearje fan Wittenskip en Kultuer en de bûnskommissaris foar Kultuer en Media.

Besjoch de film Anne Äi, mä Clemens Ahrens:

desimber 26, 2023 08:18
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.