In oranje Wetterpoarte

desimber 2, 2023 12:55

troch Line Hut

Line Hut (foto: Lotte Pranger)

Freed 24 novimber is yn Snits de kampanje fan Orange the World yn Fryslân offisjeel ôftrape. Yn it ramt fan de kampanje om geweld tsjin froulju en famkes foar te kommen is de Wetterpoarte oranje beljochte. De middei waard oaninoar praat troch psycholooch en rapper Daisy Veenstra en út it E-team (ûnderdiel fan Stjoer) wei mocht ik myn gedicht spoarleas diele mei de oanwêzigen.

Sûnt 2015 docht Nederlân mei oan de wrâldwide kampanje: dat jier wie it Vredespaleis yn Den Haag in pear oeren oranje kleure. Dit jier dogge alle provinsjes mei. Neist it beljochtsjen fan gebouwen en it hisen fan oranje flaggen wurde der ek debatten fierd, demonstraasjes hâlden en allegear oare aktiviteiten organisearre. Sa is op De Jouwer in oranje bankje delset mei wite hânôfdrukken derop, der wurdt in filmke fan makke foar op sosjale media.

Wat my luts om mei te dwaan oan Orange the World en myn eigen ûnderfining te ferwurkjen yn in gedicht, is it besprekber meitsjen fan in ûnderwerp dat soms lestich te bepraten is en gefoelich leit. Faak spilet skamte in grutte rol by it wol of net melden fan (seksueel) wangedrach. Is it net skamte, dan is it wol datst tinkst dochs net leaud of serieus nommen te wurden. Soms bagatellisearje slachtoffers harren eigen ûnderfining mei geweld of lizze se sels de skuld by harsels.

Troch sels iepen te wêzen hoopje ik oare froulju of famkes te stimulearjen om ien yn fertrouwen te nimmen of har te melden by de plysje, mochten se slachtoffer wêze fan geweld.

By de iepening yn Snits is in flyer útdield mei myn gedicht en oersetting op de foarkant en op de achterkant suggestjes foar wêr’tst terjochte kinst foar help. De Fryske gebietsteams wurde neamd: elke gemeente hat in gebietsteam dêr’tst op leechdrompelige manier by terjochte kinst mei alle mooglike fragen. Veilig Thuis Friesland, Centrum Seksueel Geweld en Fier wurde ek neamd.

Mei dizze kampanje is dúdlik dat it tema fan geweld tsjin froulju libbet. Sa is twa tredde fan de froulju yn Nederlân yn it ôfrûne jier op strjitte lestichfallen. Dat sok en oar geweld tsjin froulju faak foarkomt, betsjut net automatysk dat der wat oan dien wurdt of dat it überhaupt bepraat wurde kin. Mei de kampanje hoopje we in stapke tichter by in wrâld sûnder geweld tsjin froulju te kommen. Slachtoffer wêze fan geweld is net wat om dy foar te skamjen, oars as in oar geweld oandwaan.

Besjoch in filmke op Facebook.

Gedicht Line Hut

 

 

desimber 2, 2023 12:55
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.