Hein Jaap Hilarides: In stien yn de see fan tiid

desimber 19, 2023 08:42

Literatuerskôging

Poëzy en proaza fan Jaap de Jong

Yn Sirkelgong de see nimt Jaap de Jong de lêzer mei de hiele wrâld oer: fan de East-Sineeske See en Sina, de haven fan Beira yn Mozambique, de Noardsee, Afganistan oant de seedyk tusken Harns en Hantum, om op de Suderpier fan Harns te einigjen. Dizze bondel reisferhalen is lêsten ferskynd by útjouwerij Wijdemeer. Fierderop mear dêroer, earst beskriuw ik it oare wurk fan De Jong.

Balk (publyk domein)

Jaap de Jong waard berne yn 1953 te Balk. Hy helle syn skipfeartdiploma foar stjoerman op de fiere seefiskerij en bedarre letter op coasters. Sûnt 1997 fart er as kapitein op in ferskaat oan lytse seeskippen foar in Nederlânske werf dy’t oeral op ’e wrâld skippen bout.
Syn deistige wurk komt werom yn non-fiksjeboeken oer de see en seehavens dy’t er skreau. It measte fan syn Frysktalige wurk is oerset en opnommen yn de twa Nederlânsktalige boeken: Verborgen Zee Aanzichten (2017) en Open Zee Inzichten (2020). Beide boeken, mei in soad foto’s en plaatsjes, binne de werjefte fan in libben lang farren en alle ûnderfiningen en observaasjes dy’t Jaap de Jong hân en dien hat.

Swalkje as in losslein skip
Jaap de Jong debutearre yn it begjin fan de santiger jierren as dichter. Dat wie yn it alderearste nûmer fan Hjir, it literêre tydskrift dat skriuwer en dichter Piter Boersma doe noch makke yn ’e mande mei Bonne Stienstra. De Jong stiet der mei trije gedichten yn: ‘Earm neist ryk’, ‘Twa sigretten’ (komt letter yn de bondel Om to stellen mei de titel ‘Spitich’ en ‘Sneon to joun’ werom. Jaap wie yn dy tiid befreone mei Tsjêbbe Hettinga. Se hawwe ferskate kearen yn in âld auto nei guon Europeeske stêden west.
Nei dat debút ferskynden trije dichtbondels fan him. De earste bondel is Om to stellen. Dy fersebondel ferskynde yn 1973. It binne foaral fersen oer de jonge jierren fan de dichter. De leafde stiet sintraal. Yn ‘In griene nacht’ stiet (yn orizjinele stavering) in sin dy’t dat gefoel goed werjout:

…doch dyn horloazje ou
hwant de tiid
sil ferdwine

In pear siden fierderop is it gedicht ‘De romantikus yn ’e stêd’ te finen. In pear fragminten:

Troch de tsjustere flats
kipet de moanne
as in philips agenta superlúks lampe

en as it ljocht útgiet
yn ’e lantearnen
fynt myn mûle dines
en it smakket
nei in pûdtsje patat
mei majonaise

Dit gedicht is lykas de measte oare gedichten yn de bondel och sa modern. In better wurd is miskien tiidleas. It seit wat oer de krêft fan de poëzy fan de dichter dy’t doe noch mar tweintich jier wie.

De twadde bondel, Net to biteljen. brocht er yn eigen behear út. Der steane eins twa soarten fan fersen yn: fersen oer it swalkersbestean en leafdesfersen. De bondel iepenet mei it gedicht ‘Oan it begjin fan in einleaze reis’. De dichter siket hjir letterlik in wei. Mar yn de hiele bondel is er ek figuerlik op ’e siik nei de juste wurden en taal. Dochs stiet yn dit fers in prachtige sin lykas ‘ik swalkje as in losslein skip’.
Yn it fers ‘Op reis’ sprekt de dichter syn gewisse oan. Hy is op reis en hat honger en syn mage is ‘al dagen lang in lege keet’. Hy swart himsels in eed, hy moat himsels bedimje, want syn noed ‘skrynt as jittik’. Mar as er goed betelle wurk fynt, ferjit er syn ‘stielen en ieuwige eed’ wer. Hy lit ‘de earste bôllekoarsten al wer ûngemurken lizze’.

Healweis de jierren santich swalke De Jong mei syn goede freon Eeltsje Hettinga yn in âld auto Europa troch. Want Jaap woe net yn it leger. Hy siet yn in proseduere om tsjinst te wegerjen. Jaap en Eeltsje reizgen ferskillende stêden ôf: Marseille, Rotterdam en Parys. Yn dy lêste stêd seach er in clochard dêr’t er oer skreau. It fers einiget mei in prachtige, wrange observaasje:

Mar hy siert de moaije stêd foar de toeristen
dy foto’s meitsje fan syn luzige lea
doch hja sille it forskil net iens merkbite
tusken syn sliep, dronken rûs of dea.

Yn de twadde helte fan de bondel stean meast leafdesfersen. It gedicht ‘Werskepping’ set útein mei de rigels:

Nei it lêste dún seagen wy de oséaen
de forhoalen tonger en it ivich gerûs
lieden ús troch in blauwe poarte fan rêst

De dichter leit mei syn faam op it strân, mar tagelyk longeret er ek nei de see. De ‘blauwe poarte fan rêst’ wurdt ta in metafoar foar de oseaan, it plak dêr’t de seeswalker it leafst wêze wol.
Yn de bondel steane ek seis swartwyt-tekeningen fan Dirk Kerst Koopmans. De abstrakte bylden passe moai by it dichtwurk. Koopmans hat ek de foarkant makke fan de earste bondel.

Op in stuit hie De Jong foar syn gefoel as dichter alles sein. Pas âlve jier letter kaam er wer mei in bondel. Oare plakken ferskynde yn 1985 mei in omslachyllustraasje fan Pieter van Paridon. It is in hast Freudiaansk plaatsje fan in man en in frou dy’t inoar omearmje of fan in man of frou dy’t him- of harsels beethâldt.
Yn it iepeningsfers fan de bondel, ‘Ier’, tinkt de dichter werom: ‘Ik tocht oan myn maten fan de earste krite.’ Blykber hawwe se inoar safolle jier letter wer moete. Want de dichter einiget mei de regels:

Hast allegearre binne we troch de koer sakke fan it iere selsfertrouwen
ûnmacht leit efter de eagen, iensumens skûlet yn ’e mage
mar har fertroude wjerlûd klinkt nei yn myn nijwûne romte

De dichter sketst in portret fan in groep maten dy’t op harren libben weromsjogge. Se sitte fêst yn de rûtine fan de dei en se swije ‘oer de twongen berêsting’. Mar it liket derop dat de dichter ‘nijwûne romte’ fûn hat: hy sit op see. Yn in pear ‘typografyske fersen’ wurde eksoatyske stêden beskreaun. It fers dêr’t de dichter mei de typografy de doaskes op in rinnende bân útbyldet, foldocht my it bêst. Yn de ‘Fabryksballade’ wit De Jong yn wurd en byld de sfear fan it rinnende bânwurk yn in fabryk op te roppen. Ik wie ynienen werom by de dagen dy’t ik as studint by de Frico yn Wergea wurke. Foaral de grutte fabryksklok heucht my noch goed. Yn de wurden fan De Jong:

sleauwe eagen gluorkje as bidlers
nei de klok op syn hege troan
mar de wizers
nimme de tiid

Yndied, de minuten hawwe hast noch nea sa lang duorre as dêr oan de ein fan de rinnende bân yn de Frico-fabryk yn Wergea. It is dúdlik, de dichter past net yn it fabryk, hy moat de wrâld yn. En dat docht er ek, te sjen yn it folgjende gedicht ‘Reis I’. De earste rigels binne:

Ik teach fuort út it heitelân en de memmetaal
en spriek de ierde oan
doalend oer fiere bemoaze púnfallen

De measte oare gedichten yn de lytse bondel geane oer it op see wêzen. De dichter langet nei leafde en in faam en ferhellet fan de iensumens op it skip. Dat liedt ta strofen lykas:

Yn myn neare nacht bisto ûnberikber
as de sinne
dy’t him spegelet yn de moanne

Yn ‘Reis II’ beskriuwt de dichter syn libbenspaad. Op ’t lêst lûkt er him werom yn in stêd. Hy ferdjippet him fierder ‘yn it gearstreamen / fan lok en lot’ en fersûpt ‘yn de floed fan mannichten’. Mar de swalker, dichter, seeman fynt in frou dy’t syn ûnrêst delbêdet. Sy is syn behâld. Miskien is it noch net safier, mar de dichter sil op in stuit rêst fine. Want it lêste fers fan de bondel slút ôf mei de strofe:

Dan sil myn hiemleas swalkjen
it ferlerne wenstee oan ’e wâl werom fine
en sil ik net langer sinke
as in stien yn de see fan tiid.

Nei dizze bondel joech it dichtershert fan Jaap de Jong him del. Hy hat alteast gjin poëzy mear publisearre. De Jong lei him ta op proaza en skôgjende stikken oer de see en de kust.

Mei de Tafelberg op de eftergrûn (eigen foto)

Earne hinne farre sa’t it gong
De bondel Under kust en swurk fersyld út 2003 bestiet út trije lytse stúdzjes. It earste skriuwstik giet oer de evolúsje fan de kusten, it twadde oer de skiednis fan de astro-navigaasje en it tredde oer de wittenskip om it silen hinne. Foar ien dy’t net sylt, lykas ik, binne benammen de earste twa stikken nijsgjirrich. Foar in siler binne alle stikken tige de muoite wurdich om te lêzen.
Yn it foarwurd skriuwt Jaap de Jong dat er graach earne hinne fear, sa’t it gong. Ynearsten út de Luts wei, de Sleattemer Mar op, de reiden yn. Dêrnei it seegat út, de oseanen oer en bûtenlânske havens yn. Op in stuit begûn er de paden by de see lâns te doarmjen. Hy fernuvere him oer de ferskillende kustfoarmen en bedarre sa op it spoar fan de evolúsje. ‘Fan ierdkoarst nei seekust’ is it ferslach fan dy lytse stúdzje. Yn koarte stikken giet De Jong de evolúsje en de kusten bydel.
It klimaat, of better sein, de klimaatferoaring mei dan gjin polityk punt west hawwe by de lêste ferkiezingen, de ferheging fan de temperatuer en de seespegel sille dat grif wol wer wurde. Jaap de Jong seit dêr in pear nijsgjirrige dingen oer. Ek al kaam it mear as tweintich jier lyn út. Sa hat it klimaat yn Nederlân ea tropysk west. Dat is de reden dat wy hjir sâltlagen of -pylders yn de grûn hawwe. It pikelwetter fan in binnensee ferdampte kear op kear. It sâlt bleau laachje nei laachje efter. Dat barde sa’n 200 miljoen jier lyn. It klimaat hat troch de tiid hinne altyd skommele. Mar de lêste 15.000 jier waarmet de ierde wer op. De wetterspegel is ek sa’n hûndert meter heger wurden. Wat oars wurden is, is dat wy it klimaat de lêste tiden aardich helpe by dat proses.
Wat seit de Jong allegearre oer de ierdkoarste en de seekusten? In hiel soad, te folle om te beskriuwen, mar der komt ûnder oaren foarby hoe’t bergen, fjorden, delta’s, waadgebieten, koraalriffen en krytrotsen ûntstien binne. It is allegearre like nijsgjirrich.
Yn it twadde skriuwskrift dûkt De Jong de skiednis yn: fan hoe’t de Sûmeariërs de sinne en de moanne as beakens fan de tiid brûkten, fia de Griken en Romeinen nei hoe’t de wittenskippers út West-Europa, lykas Copernicus, nei de posysje fan de ierde en de stjerrehimel seagen.
Sa’t ik sei, it lêste skift is foar de leafhawwer-siler. Dat ‘De stân fan seilen’ slaan ik oer. Ik lit ek de oare boeken fan Jaap de Jong foar wat se binne en gean nei de lêste útjefte, Sirkelgong de see.

Mei de bemanning fan de Jaywun (eigen foto)

Alle dagen moandei
Yn it earste ferhaal, mei de prikeljende titel ‘To sea or not to sea’, ûndersiket De Jong syn driuwfearren om te farren en op see te bliuwen. Hy komt ta de konklúzje dat it seemanskip snaren fan syn persoanlikheid rekket. Seelju binne faak dêr, dêr’t se net thúshearre. Earne lies er ris: ‘Wa’t foar syn tinzen flechtet, hat ferlet fan in net ûnderbrutsen beweging.’ Sels foeget De Jong dêroan ta dat de útsliten rûntsjes dêr’t syn gedachten faak oerhinne draaie, mei it dwaan fan in seereis trochbrutsen wurde. It reizgjen skerpet syn tinken, dêr komt it miskien op del.
In eintsje fierderop freget de skriuwer him ôf: ‘Mar asto dan ienkear seeman bist, wat hâldt dat yn?’ It is fansels in eksistinsjele fraach. De Jong ferwurdet dat gefoel sa: ‘It is in bestean mei twa kanten: in libben ûnderweis, op see, en in libben dat begjint asto dyn wente ynstapst. Do bist lang fan hûs en ôfsletten fan it lânlibben. It is in tydlike ferdwining fan de fêste wâl … oan board is it alle dagen moandei, pas by thúskomst wurdt it sneon.’
It stadich bewegen fan it skip rint lykop mei ‘myn stadige manier om saken te omfiemjen en te bedjippen’, skriuwt kapitein De Jong. De reisferhalen yn de bondel Sirkelgong de see binne dan ek mear skôgingen, hast sosjologysk fan aard, as reisferslaggen. Mar krekt dêrom hat it farren en it seemanskip fan Jaap de Jong in moaie rige boeken opsmiten.

Bibliografy
Om to stellen (1973)
Net to beteljen (1974)
Oare plakken (1985)
Under kust en swurk fersyld (2003)
Hoe’t ginten en boebies elkoar ûntdûke (Dr. J. Botke-rige nr. 30/2008)
Oan ’e dyk set by Holwert (Dr. J. Botke-rige nr. 32/2010)
Seerjocht yn ’e skiednis fan ’e skipfeart (2011)
Seehavens en havenstêden (2013)
Sirkelgong de see (2023)

Nederlânsktalich:
De geschiedenis van de haven van Harlingen (2014)
Verborgen Zee Aanzichten (2017)
Open Zee Inzichten (2020)

Foto op de thússide: Suderpier, Harns
desimber 19, 2023 08:42
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.