Grinzer Museum 150 jier: útstallingen en feest

desimber 1, 2023 08:24 Fernijd

It Grinzer Museum hat takomme jier wat te fieren. Yn 2024 bestiet út museum 150 jier en it gebou fan arsjitekt Mendini tritich jier. Dat wurdt fierd mei in grut programma oan feestlike aktiviteiten en moaie útstallingen. Sa kinne besikers mei de nije kolleksjepresintaasje Groninger Museum 150 jaar – Behind the Scenes efter de skermen sjen. De Bernebiënnale is yn maart werom en yn novimber presintearret it museum de útstalling Hoe Van Gogh naar Groningen kwam.

Foto: © Erik en Petra Hesmerg

Nij yn 2024
Bernebiënnale – A Better Place
9 maart o/m 3 novimber 2024
De twadde edysje fan de populêre Bernebiënnale daget bern en folwoeksenen mei keunst ta ynteraksje út. Te ferwachtsjen binne sealfoljende ynstallaasjes dêr’t minsken op of yn kinne, meispylje of oan bouwe kinne. Keunstners út binnen- en bûtenlân, lykas Florentijn Hofman, Hedy Tjin en Wang Ruobing, presintearje wurk dat ta neitinken oer in bettere wrâld oanset. De ynstallaasjes wurde foar de kommende edysje yn gearwurking mei berne- en jongereinambassaseurs opnij ûntwikkele.

Grinzer Museum 150 jier – Behind the Scenes
29 maart 2024 o/m 1 juny 2025
De útstalling jout ynsjoch efter de skermen fan it museum. Hoe komt in kolleksje ta stân, hoe wurde keunstwurken konservearre en oan it publyk presintearre? Hoe gie dat eartiids en hoe giet it no, en wat is dêr allegearre foar nedich? Ekstra bysûnder: it yn 2020 stellen skilderij ‘De Lentetuin’ fan Vincent van Gogh dat koartlyn weromfûn is, sil yn it jubileumjier foar it earst wer te bewûnderjen wêze.

‘Lentetuin’ fan Vincent van Gogh, Grinzer Museum (foto: Marten de Leeuw)

Hoe’t Van Gogh nei Grins kaam
30 novimber 2024 o/m 5 maaie 2025
Net folle minsken witte dat yn it Grinzer Museum ien fan de grutste útstallingen fan Vincent van Gogh te sjen west hat. It museum fertelt mei de útstalling Hoe Van Gogh naar Groninger kwam it ferhaal fan eigensinnnige Grinzers en ûndernimmende studinten, dy’t fan 1896 ôf de moderne keunst nei it noarden fan Nederlân brochten en dêrmei de keunstwrâld flink opskodden. Njonken it wurk fan Van Gogh is ek keunst te sjen fan Jan Toorop, Johan Thorn Prikker, Theo van Hoytema en De Ploeg-keunstners Jan Altink, Johan Dijkstra en Henk Melgers.

Yn 2024 ek te sjen
The Rolling Stones – Unzipped
o/m 21 jannewaris 2024
Grins is de lêste lokaasje dêr’t The Rolling Stones – Unzipped noch te sjen is. De swide útstalling fertelt it ferhaal oer de karriêre fan de wrâldferneamde rockband. Ynstruminten, deiboekfragminten, poadiumûntwerp, albumhoezen en ikoanyske kostúms binne te besjen. Hichtepunten binne de studio, it beskieden ferbliuw yn Edith Grove en de spektakulêre dolby-surroundûnderfining fan it konsert yn 2016 op Kuba.

Foto: ©Siese Veenstra

Joram Krol – Can I be me
O/m 3 maart 2024
Yn de útstalling Can I be me binne 116 rauwe portretten yn de typearjende swart-wytstyl fan Joram Krol te ûntdekken. De fotograaf makket earlike bylden fan minsken, dêr’t er harren harsels yn wêze lit, mar dêr’t er ek himsels yn sjen lit.

Nymphenburg x Grinzer Museum
o/m 5 maaie 2024
Keunst, ûntwerp en ambacht: sûnt healwei de achttjinde iuw makket Porzellan Manufaktur Nymphenburg út München it fynste porslein, suver fan foarm en mei de hân ferfeardige. It Grinzer Museum presintearret de prachtige kreaasjes fan Nymphenburg yn dialooch mei de kolleksje fan it Grinzer Museum.

Erwin Olaf
o/m maart 2024
Erwin Olaf is net los te meitsjen ferbûn mei it Grinzer Museum. Om him te earjen en oan him werom te tinken – de fotograaf ferstoar op 20 septimber yn ’e âldens fan 64 jier – is yn de kolleksjeútstalling in romte ynrjochte mei in seleksje fan alve foto’s út de kolleksje fan it Grinzer Museum. Foto’s út de searjes After Rodin (2016), Blacks (1990) en Chessmen (1987-1988) binne te sjen.

Njonken de útstallingen binne ek de fêste kolleksjes mei wurk fan De Ploeg en de Grand Stairwell Installation fan Dale Chihuly yn it museum te sjen.

desimber 1, 2023 08:24 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.