Goffe Jensma: “De bern fan de rekken!”

desimber 27, 2023 12:07

Yn syn boek Exit Fryslân (Noordboek 2022) murk Goffe Jensma op hoe’t in kwetsbere saak as dy fan it ‘Frysk’ ek wurket as in soartemint fan seismograaf. Yn it lytse Fryske fjild fielt men earder guon trillingen dy’t letter ek folle bredere maatskiplike effekten hawwe kinne. Dat jildt bygelyks ek foar it Nederlânsk as fiertaal en as ûnderwerp fan taal- en kultuerstúdzjes oan universiteiten. Rekket it Nederlânsk op it stuit troch de rimpene en hastige feringelsking net krekt sa yn de nederklits as earder it Frysk? Yn in ynstjoerd stik yn Trouw dat ItNijs.frl hjir graach oernimt giet Jensma dêr djipper op yn. It stik is oerset en mei ynstimming fan de skriuwer justjes oan de situaasje fan it Frysk oanpast.

‘De bern fan de rekken!’

It Nederlânsk en it Frysk yn in tiid fan akademysk neoliberalisme

Goffe Jensma

De politike partijen dy’t okkerwyks de ferkiezingen wûnen, wolle de komst fan ynternasjonale studinten, arbeidsmigraasje en asyl strang oan bannen lizze. Dat jout grutte ûnrêst by de universiteiten. “As je de ekstreme fariant út de partijprogramma’s besjogge, dy hat wiswier skealike gefolgen”, ferklearre ynterimfoarsitter fan koepelorganisaasje UNL Jouke de Vries. “It sil Nederlân in hiel soad jild kostje.” Ferline moanne skreau er in artikel mei deselde strekking (Trouw, Opiny, 22 novimber).

Bedriuwsmjittich sjoen sil sok nij belied yndie net goed útpakke, dêryn hat De Vries sûnder mis gelyk. Ommers, de bûtenlânske studint is hieltyd mear de brânje wurden dêr’t de Nederlânske universitêre masine de ôfrûne tweintich jier op kaam te draaien. Oantrune troch in tipelsinnige oerheid binne de Nederlânske universiteiten yn kûgelsfeart neffens neoliberaal bedriuwsmodel reorganisearre, ûnder oaren troch mar safolle mooglik kolleezjes yn it Ingelsk te jaan. En ek troch wittenskiplike stêf by fakatueres foar it grutste part út de Ingelsktalige wrâld wei te ferfangen. Dat bedriuwsmodel wurket fansels net mear as de kolleezjes yn it Nederlânsk jûn wurde en as oan de ynternasjonalisearring fan de stêf peal en perk steld wurdt. Bedriuwsekonomysk sjoen slacht UNL dus mei rjocht en reden alarm.

Exit Fryslân fan Goffe Jensma

Mar de universiteiten hawwe harsels ek genôch te ferwiten. Se binne wol hiel happich en gysten op de wein fan it akademysk neoliberalisme sprongen. Krekt dêrtroch hawwe se tsjinstân mobilisearre. Dy tsjinlûden geane foaral (mar net allinne) oer it flugge ferdwinen fan Nederlânsk oan de universiteiten. De soargen dêroer wurde breed dield, sawol yn Nederlân as yn Flaanderen.

Gjinien is tsjin ynternasjonalisearring fan akademysk ûnderwiis en ûndersyk, mar in protte minsken hawwe betinkingen by de ynhâldlike offers dy’t de bedriuwsfiering sabeare freegje soe. It neoliberalisme lit saken as taal en kultuer it leafst oan de merk oer en dat soarge derfoar, al fan de tachtiger jierren fan de foarige iuw ôf oan, dat taalopliedingen yn Nederlân sletten waarden of fusearren ta grutte Ingelsktalige opliedingen. Sels makke ik mei hoe’t Grinzer universiteitsbestjoerders besochten om temûk de (nota bene ekstern troch Provinsje en Ryk subsidiearre) lêste learstoel Frysk de nekke om te draaien en te ferfangen troch in Ingelsktalige learstoel sociolinguistics.

Helte slimmer, want breder fan ynfloed, is dat de trochsneed Nederlânske ôfstudearre akademikus tsjintwurdich noch yn it Nederlânsk, noch yn it Ingelsk feardich genôch is. Dat hat benammen gefolgen yn de geastes- en sosjale wittenskippen, dêr’t taalfeardigens krúsjaal foar is. Ynternasjonaal sjoen wurde op dat mêd twadderangs ûndersikers ôflevere. En de Nederlânske arbeidsmerk (ûnderwiis, oerheid en soarch) kriget oan de oare kant sa te meitsjen mei ûnfoldwaande feardige, want foar it grutste part yn Ingelsk jargon oplate minsken.

Earder sei Jouke de Vries ta dat de universiteiten mei in eigen foarstel komme soene om de bûtenlânske studinte-ynstream yn ’e stringen te krijen en it Nederlânsk as akademyske taal te beskermjen. Mar binne de bestjoerders fan universiteiten wol ree om oer har eigen neoliberale skaad hinne te springen?

Har arguminten oertsjûgje my alhiel net. Oars as dat troch De Vries en syn UNL suggerearre wurdt, bewiist it ferline krekt dat goed, ambisjeus en ynternasjonaal kompetityf ûnderwiis en ûndersyk wol deeglik ek yn in fierhinne Nederlânsktalige kontekst wiermakke wurde kin. Allinnich net foar en troch bûtenlânske studinten en dosinten dy’t gjin Nederlânsk leare wolle.

Opfallend is ek de gekjeiend leechlizzende toan dy’t Jouke de Vries oanslacht tsjinoer tsjinstanners. Dy soene har ‘weromlûke efter diken’ en ‘ruten fan universiteiten ynsmite’. Wa’t wyn sieddet, sil stoarm rispje. Men freget jin ôf yn hoefier’t de beswieren fan UNL net al te folslein bedriuwsekonomysk fan aard binne en in gefolch fan it eigen min trochtochte management fan ynternasjonalisearringsprosessen.

De grutte transysje dy’t Nederlân (en dus ek Fryslân) trochgean moat, freget neffens De Vries om ynternasjonalisearring. Mar ek al soe dat sa wêze en ek al wie De Vries al by steat om soks op in deeglikere, mear ynhâldlike wize te beärgumintearjen as dat er no docht, dan noch sjit it steande belied oangeande ynternasjonalisearring bot te koart. Dat soe alderearst mear differinsjearre wurde moatte neffens fakulteiten. Bêta-wittenskippen binne no ienris minder taalôfhinklik as geastes-  en sosjale wittenskippen. Boppedat mankearret it der ek oan dat op it mêd fan taalfeardigens sawol foar studinten as dosinten de latte te leech lein wurdt. Ferbettering wurdt oerlitten oan de ‘merk’ — dat wol sizze dat se op it boardsje fan de studinten en de dosinten sels skood wurdt. Dêrmei sealet de UNL úteinlik de Nederlânske maatskippij op mei in kostber kwaliteitsprobleem.

Krekt no’t it politike klimaat sa mei hoarten en stjitten ferrjochtse is en frijwat fijannichheid oangeande kultuer en ûnderwiis oan it oerflak komt, is de diskusje tsjinne mei in ynhâldlik sjoen better ûnderboude argumintaasje oer de wearde fan taal, wittenskip en kultuer foar de Nederlânske en ek foar de Fryske mienskip.

Goffe Jensma wie fan 2006 oant 2022 heechlearaar Frysk yn Amsterdam en yn Grins

desimber 27, 2023 12:07
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.